Pascal Arts nije direkteur-bestjoerder kultuerhistoarysk sintrum De Tiid

05 mrt 2021 - 10:28

Pascal Arts is sûnt 15 febrewaris de nije direkteur-bestjoerder fan it nije kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. Hy sil it museum eksploitearje en tentoanstellings en aktiviteiten presintearje.

De Tiid - Foto: Adema Architecten

Under syn takepakket falle ek de gearwurking mei oare musea en kulturele partners yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Arts wie hjirfoar wurksum by Stichting Texels Museum, it CODA Museum Apeldoorn en it Van Gogh Museum Amsterdam.

"Ik kijk uit naar de samenwerking met alle betrokken partijen en samen te kunnen bouwen aan de culturele huiskamer van Súdwest-Fryslân. Een huiskamer waar iedereen welkom is. In een mooi, innovatief en duurzaam gebouw vol rijke historie en verhalen", seit Arts.

Eerde Hovinga is no noch kertiermakker. Hy bliuwt noch in skoft belutsen om de wurksumens oer te dragen.

De Tiid

Yn april 2019 waard bekend dat de argiven fan de eardere gemeenten dy't no Súdwest-Fryslân foarmje, trije musea en in biblioteek in plak krije yn it âlde stedhûs. De iepening fan De Tiid is letter dit jier, mar de biblioteek en it gemeente-argyf moatte al op 1 en 15 maart iepen.

Trefwurden: 
Boalsert De Tiid Pascal Arts
(Advertinsje)
(Advertinsje)