Grutte put foar Ryster jachtbouwer: fjouwer nije KNRM-rêdingsboaten

In eintsje benoarden fan de Rysterbosk is Jachtbouw Folmer dwaande mei in bysûndere put: it meitsjen fan fjouwer nije rêdingsboaten foar de KNRM. Foar de skipsbouwers ûnder Andries Folmer is it in eare, want de KNRM moat der op betrouwe kinne dat de boat ynset wurde kin om minskelibbens te rêden. De boaten hawwe de namme 'Van Wijk.'
Ryster jachtbouwer makket fjouwer nije KNRM-rêdingsboaten
Yn totaal moatte der acht nije boaten komme: dêrfan wurde der fjouwer troch in bedriuw yn Hoorn en fjouwer troch Dok- en Scheepswerf Woudsend makke. Dat lêste bedriuw lit de rûchbou oer oan Folmer. Foar him wie it in ferrassing: "Wy hiene der net op rekkene, om't der eins altyd in fêste bouwer is foar de KNRM yn Monnickendam. En it ûnderhâld bart faak yn Wâldsein by Kuipers. Mar sy hawwe harren frege oft sy ree wiene om ek skippen te bouwen. Wy hawwe wer in goeie bân mei Kuipers, sy fregen ús wer om de kasko's te bouwen."

"Gigantyske opdracht"

De rêdingsboat is 11,5 meter lang. Dat is net hiel grut, mar de boat is komplekser as in gewoan syljacht. "Hjir sit yn totaal tusken de 2.000 en 3.000 oeren yn, dus it is foar ús in gigantysk grutte opdracht. It giet om fjouwer skippen. Wy binne hjir mar mei syn seizen. Dat is ek in probleem yn de skip- en jachtbou: fakbekwaam personiel te finen. Benammen yn it aluminium, want dy minsken hawwe sertifikaten nedich. It sit op in heech nivo."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Der is ek strange kontrôle op. "Foar elts stikje materiaal binne ek sertifikaten, al it materiaal is ôfstimpele foar oanspraaklikens. De skippen dêr't se mei farre binne al sa'n 25 jier âld. No hat de KNRM de stap set om acht nije skippen bouwe te litten."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar praat mei Andries Folmer
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Gewoanwei makket Folmer in soad kasko's foar aluminium syljachten, mar it bedriuw set ek wol de kasko's foar rêdingsboaten foar wynparken op see yninoar. Dy moatte sterk wêze, om't sy fan in heech platfoarm nei ûnderen falle moatte. "Wy bouwe allinne mei aluminium, dêr binne de minsken ek yn thús. It is spesjalistysk wurk."

Skinking

Bysûnder is ek dat ien fan de boaten finansiere wurdt mei in skinking. Folmer: "De KNRM is ôfhinklik fan donaasjes. In âldere frou hat jild foar ien fan dizze boaten skonken. De reden is dat har âlden foar de oarloch mei in rêdingsboat nei Ingelân brocht binne. Ut tankberens hat sy in bedrach skonken foar dizze rêdingsboaten. Ik hoopje dat sy nochris yn de gelegenheid is om hjir te kommen."
Ek mei de nije boaten wurdt in âlde tradysje oerein hâlden: "Eartiids hiene je in kyllizzing mei houten skippen, doe leine sy in munt ûnder de mêstfoet. Dat joech gelok, in behâlden feart. Dat hawwe sy by de KNRM foartsette wollen. Wy hawwe in euro yn in potsje op de kylbalke laske."
De earste Van Wijk moat oan de ein fan it jier test wurde troch KNRM-frijwilligers.
Folmer leit út dat it om spesjalistysk wurk giet