Persoan ferwûne by frontale botsing yn Berltsum

05 mrt 2021 - 09:05

Op de Gernierswei yn Berltsum binne freedtemoarn twa auto's mei elkoar yn botsing kaam. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke.

Foto: Kappers Media

It buske en de auto rekken troch ûnbekende oarsaak mei elkoar yn botsing. De bestjoerder fan it buske is troch de brânwacht út syn auto helle. Dêrnei is hy oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. In berger hat de weinen ophelle en de dyk is wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok Berltsum Gernierswei
(Advertinsje)
(Advertinsje)