Kollum: "Polityk"

05 mrt 2021 - 08:43

"Hjoed sil ik besykje wat ferstannichs oer de polityk te sizzen , mar dat falt net ta. Ik bin net sa'n stjer as it op de polityk oankomt want earlik sein begryp ik der net in soad fan. Ik moat my sa út en troch ek echt opskerpje hoe't it ek alwer siet mei de Earste en Twadde keamer, koälysjes en opposysjes, wa't dêryn sitte en wêrom.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Mei dizze freeslik gesellige koroanakrisis hâld ik it allegear wat better yn 'e gaten en doe't ik snein al zappende wei by it listoanfierdersdebat útkaam, wie ik dochs wol benijd. We kinne hast wer te stimmen en ik hie eins betocht dat ik dy Wopke Hoekstra wol aardich fûn. It like my wol nochtere man ta dy't mei in frou as húsdokter en fjouwer bern ek wol midden yn it libben stiet.

'Ast op him stimst dan stimst op it CDA, sei immen, ik leau ús heit. Wolst dat wol?' 'Gjin idee, eins', sei ik mar ik fyn Wopke wol leuk.' No ja, sa ûnnoazel bin ik dus en meastal doch ik soks op gefoel. Earlik sein boeit it my ek te min om my der yn te ferdjipjen. En as ik noch earliker bin dan tink ik hieltyd faker dat de polityk in toanielstik is en dat de minsken dy't it echt foar it sizzen ha achter de skerms stean.

Dochs ha ik al nei it debat sjoen en ik koe it wol folgje, allegear. Mar itjinge dat my nochal steurde wiene de wangen fan Lilian Marijnissen. Alle kearen as sy wat sei of yn byld kaam dan fernuvere ik my oer dy felrôze streken op har wangen. Ut en troch like se sels wol hielendal rôze te kleurjen, krekt as in kameleon. Yn it filmke foar it debat seach se der hiel kreas út mar it studioljocht transformearre har yn in soerstôk.

Soks liedt my ôf. Ik ha it ek as ik nei Jinek sit te sjen en har blûske hieltyd iepen falt mar dêr ha wy it no net oer. It jout wol oan dat ik it paad samar bjuster bin dus ik sil besykje it politike spoar wer te folgjen en dan kom ik út by Wilders. Ik fyn dat dy man der mar min útsjocht. Hy hat sa'n net sûne giele kleur! Mar miskien is it wol itselde kameleoneffekt as mei Lilian har wangen en komt it troch dat aaklike goare prúkje hier. Allinnich dêrom al kin ik dy man net serieus nimme en datselde probleem ha 'k ek mei De Jonge en syn puntskuon.

Jesse Klaver fûn ik mar in yrritant figuer. Kaag die it neffens my wol aardich mar dêr wurd ik ek net waarm of kâld fan dus dan bliuwe Mark en Wopke oer. Rutte waard efkes flink oanpakt oer de taslagge-affêre troch Kristie Rongen en dat fûn ik hiel knap fan har! Gean der mar stean mei al dy kamera's op 'e snút, tsjin in man oer dy't wol fan beton liket te wêzen.

Wopke foel my ôf. No wie it ek syn earste kear mar ik heakke ôf doe't er dy hoareka-ûndernimmers gjin fatsoenlik antwurd joech oer it mailtsje dêr't yn stie dat de stipe ein april kaam yn stee fan febrewaris. Dy minsken hawwe it al sa dreech mar Wopke lulde der in moai ein omhinne. Hy sei wol dat it 'super frustrerend' is, mar neffens my witst krekt hoe frustrearjend ast it sels meimakkest.

Ik wit noch net op wa't ik stimme sil en oft it wol in listoanfierder wurdt, mar lokkich hie Eva yn 'e útstjoering nei it debat al in fatsoenlik blûske oan."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)