Kampanje tsjin obstakels op fuotpaden: "De stoep wordt gebruikt voor van alles en nog wat"

05 mrt 2021 - 17:13

Fytsen, scooters, blombakken: ús stoepen wurde hieltyd faker brûkt foar doelen dêr't se eins net foar bedoeld binne. Wandelnet lansearret dêrom freed yn Fryslân de Voetlicht-kampanje 'Hou dit voetpad vrij, dan zijn wij ook blij!', wêrmei't se oare ferkearsdielnimmers, bewenners en bedriuwen oproppe om mear rekken te hâlden mei fuotgongers.

Wandelnet lansearret kampanje

"Je ziet helaas steeds meer dat de stoep gebruikt wordt voor van alles en nog wat", seit Kees Mourits, inisjatyfnimmer fan de kampanje Voetlicht. Obstakels op fuotpaden foarmje benammen foar âlderein, bern en minsken mei in fysike beheining foar hinder en gefaar. Dêrneist binne yn coronatiid in soad minsken begûn mei kuierjen, wêrtroch't in goed tangonklike rinromte wichtich is. "In Leeuwarden staan tegenwoordig ook regelmatig van die groene deelscooters op de stoep. De ruimte wordt steeds beperkter."

It boadskip wurdt op de stoep setten - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De stichting hâldt freed in buertskou. Dat hâldt yn dat se mei bewenners troch de buert rinne en sjogge wat der better kin. "Op de zogenaamde pijnpunten spuiten wij een sjabloon op het voetpad met onze slogan 'Hou het voetpad vrij, dan zijn wij ook blij'. Wij roepen bewoners ook op om aandacht te besteden aan dit probleem. Zij kunnen ons ook vragen voor een buurtschouw", seit Mourits.

Hy neamt it sintrum fan Ljouwert as in goed foarbyld fan in rinfreonlike omjouwing. "Dat is langzamerhand behoorlijk loopvriendelijk geworden. Je mag je fiets nog geen vier uur op het station laten staan." Yn de wiken dêromhinne is it lykwols minder wurden. "Daar zie je bijna het openbare ruimtegebruik verloederen."

De kampanje 'Hou dit voetpadvrij' - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De kampanje is in inisjatyf fan Wandelnet, yn gearwurking mei de Werkgroep Toegankelijkheid. Wandelnet wol it rinnen yn Fryslân stimulearje, ûnder oare troch fuotgongersfeiligens te ferbetterjen en de gemeenten te stypjen by it ûntwikkeljen fan it rinbelied. Wandelnet set him ek yn om polityk omtinken te freegjen foar kuierjen, sadat provinsjes en gemeenten soargje dat der romte is om te rinnen.

Kees Mourits, inisjatyfnimmer fan de kampanje

(Advertinsje)
(Advertinsje)