Sinne skynt yn holle De Laat foar WK shorttrack, Knegt better as op EK

05 mrt 2021 - 07:00

Wêr't by de froulju Suzanne Schulting de topfavorite is op it wrâldkampioenskip shorttrack, is it by de manlju de fraach wat we fan de Friezen ferwachtsje kinne. Itzhak de Laat pakte yn jannewaris brûns op it Europeesk kampioenskip en soe op dit WK ek samar in medalje pakke kinne, wylst Sjinkie Knegt syn hoop fêstige hat op de 1.000 meter en de 1.500 meter.

Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat oer WK

"De zon schijnt buiten, het is heerlijk weer en de zon schijnt ook in mijn hoofd. Ik heb er zin in. Laat maar komen dit weekend", sa seit De Laat oan de foarjûn fan it wrâldkampioenskip. De Ljouwerter shorttracker hat der nocht yn en is klear foar syn twadde yndividuele WK. "Ik wil niet proberen voor brons te strijden, maar ik wil echt voor dat eregoud strijden. Dan moet je actiever rijden en zo gaan rijden van: die plak is van mij en ik kom hem halen. Ik leg mezelf wel de druk op dat ik medailles wil halen."

It binne lessen dy't De Laat leard hat fan it Europeesk kampioenskip yn jannewaris. Dêr helle hy brûns op de 500 meter en de 1.500 meter en yn it einklassemint. Hy hopet noch better te wêzen op it WK as op it EK. "Ik hoop het wel. Ik voel echt dat ik in heel goeie vorm ben. Zeker omdat ik het vertrouwen en het gevoel van het EK kan meenemen. Ik hoop ik wel dat ik er een stapje bovenop kan doen en nog iets beter kan zijn. Alle ingrediënten zijn er voor mij, ik moet het alleen nog even doen."

Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt op it EK yn jannewaris - Foto: Orange Pictures

Sjinkie Knegt

Ek Knegt hopet dit wykein better te wêzen as er heal jannewaris wie. Hy helle op it EK in brûnzen medalje op de 1.500 meter. "Dêr bin ik eins wol wis fan, dat ik better bin. Wedstriidtechnysk sjoen giet it in bytsje better. It wie net hiel min op it EK, mar de skerpte moast gewoan better. En ik tink dat ik dêr wol in stapke yn makke ha. Ik ha goed traind en bin der fan oertsjûge dat ik in lyts stapke makke ha, kondisjoneel en op it gebiet fan snelheid."

De fraach is wêr't dat yn resultearje kin. Knegt sjocht benammen nei de langere ôfstannen. "Myn grutste kânsen lizze op de 1.000 meter en de 1.500 meter. De 500 meter wie op it EK net fan hiel hege kwaliteit. Ik ha dêr wol in goeie stap yn makke, mar oft it genôch is, wit ik net."

It wurdt foar de Bantegeaster syn earste WK sûnt 2018, doe't er yn it Kanadeeske Montreal brûns helle op de 1.000 meter. Op dy ôfstân en dus de 1.500 meter giet er foar it poadium. "Ik wol earst trije ôfstannen ôfwurkje en dêrnei wol ik sjen wat it noch wurdich is foar it allroundtoernoai."

It wrâldkampioenskip shorttrack begjint freed yn Dordrecht. Op de earste dei binne de kwalifikaasjes foar de trije ôfstannen. Sneon binne de finales fan de 500 en de 1.500 meter en de heale finales fan de relay. Snein is de slotdei en dan fine de 1.000 meter, superfinale en de finales fan de relay plak. Omrop Fryslân is der it hiele wykein by en docht op de ferskate poadia ferslach fan it WK shorttrack.

Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat oer relay

Daan Breeuwsma

Neist de yndividuele nûmers is der fansels ek noch de relay. Dêr sille De Laat en Knegt in tredde Fries wolkom hjitte: Daan Breeuwsma sit wer by de seleksje, nei't bûnscoach Jeroen Otter him foar it EK noch thús liet. Neffens Knegt is it wichtich dat Breeuwsma der wer by is. "Ik bin hartstikke bliid foar him dat dy jonge der wer by is. Ik tink dat we mei ús team in grutte kânshawwer binne foar de titel. Dat is alle jierren sa, mar no seker."

Op it Europeesk kampioenskip woe Otter eksperimintearje mei wat jongere riders en dat pakte ek alleraardichst út: Nederlân waard nammentlik Europeesk kampioen. Dêrtroch is Nederlân ek grif de grutte favoryt foar de wrâldtitel, fynt De Laat. "Ik verwacht dat we nog beter zijn dan op het EK, terwijl dat bijna niet kan omdat we toen al wonnen. Ik denk dat wij een van de topfavorieten zijn." De Laat is ek bliid dat Breeuwsma wer by de ploech sit. "Ik vind het wel echt een plus dat Daan er weer is. Ik denk dat hij met zijn ervaring en goede laatste rondes het verschil kan maken voor ons."

(Advertinsje)
(Advertinsje)