Tal besmettingen yn Fryslân nimt ôf, mar net yn Harns en Waadhoeke

05 mrt 2021 - 06:13

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, leit sa'n 14% leger as in wike lyn. Dizze wike wiene it der 1.162, tsjinoer 1.350 in wike earder. It tal stjergefallen bliuwt stabyl: dat gong fan 21 nei 19.

De haven fan Harns - Foto: Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)

Gemiddeld waarden de ôfrûne wike alle dagen 166 nije besmettingen meld. Dat sifer lei foarige wike noch op 193.

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert, nammentlik 237. In wike lyn wienen dat noch 255. Nei Ljouwert komt Súdwest-Fryslân mei 196. Dat is ek in flinke delgong, want dêr wienen it ferline wike noch 234.

Tal besmettingen groeit yn Harns en Waadhoeke

Omrekkene nei it tal ynwenners binne fan alle fêstelânsgemeenten de measte besmettingen foar it earst yn Harns: it binne der 36, mei oare wurden 229 op 100.000 minsken. Dêrnei komt Waadhoeke (219 op 100.000). It tal besmettingen yn dy gemeenten rint al langer op.

Fierder stekt Skiermûntseach der wer boppeút: op it eilân binne de ôfrûne sân dagen 10 besmettingen fêststeld, twa minder as in wike lyn. Mar omdat der net in soad minsken wenje, is dat relatyf noch altyd in hiel soad (1.056 op 100.000).

Mei de 1.162 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 26.947 Friezen it coronafirus fêststeld.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Foar de tredde wike op rige rint it tal coronastjergefallen dat meld wurdt werom. Dizze wike melde it RIVM 19 stjergefallen yn ús provinsje, twa minder as in wike lyn. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

Dat it tal stjergefallen werom rint, komt trochdat de situaasje yn de ferpleechhûzen ferbetteret. Dêr reitsje minder minsken besmet en dat hat wer te krijen mei it feit dat dêr hieltyd mear minsken faksinearre binne.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 405. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)