Rinto's wer iepen: klanten kinne lang om let harren tattoo ôfmeitsje litte

04 mrt 2021 - 22:44

Tattooshops meie sûnt woansdei wer klanten ûntfange. Sa ek Rinto's Tattoo Shop yn Burgum: Bas Kahle en Rinto Bekkema wurkje al jierren tegearre yn de shop en sy wiene tige optein dat de doarren wer iepen mochten. De belangstelling wie grut under de klanten. Guon fan harren kamen spesjaal werom om't se noch mei in heal ôfmakke tattoo sieten.

Rinto's Tattoo Shop yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Het is heel fijn, het werd wel weer tijd," seit ien fan de manlju. "De afgelopen weken waren eenzaam, anders." No kin er wer oan it wurk, al is it wol mei in mûlkapke. "Het mondkapje is wel een belemmering. Zonder is praktischer en prettiger, maar ik ben al lang blij dat het weer kan."

"Wy hawwe de klanten pas wer pland doe't wy wis wiene dat wy wer oan it wurk koene," seit syn kompanjon. "Guon kollega's diene it by eltse parsekonferinsje, mar dan bliuwe je oan it skowen. De klanten hawwe ek wol troch dat it efkes duorret, de minsken hawwe der wol begryp foar. Ik haw sa'n idee dat wy de simmer noch wol troch kinne, mar ik haw ek it gefoel dat wy noch wol in kear ticht moatte."

Earn-tattoo ôfmeitsje

De klanten binne bliid mei de iepening. Sa kin in man in tattoo fan in earn ôfmeitsje litte: "De lockdown heeft wel parten gespeeld: er zat een langere periode tussen om deze tattoo af te laten maken. Ik was al eens geweest voor de eerste vier uurtjes. Ik ben blij dat de tattooshop weer open mag."

Boerelogika

Beide tattoo-artists wurkje mei spesjale moffen en in mûlkapke, mar fan in protokol is der yn de tattoowrâld net echt sprake. "It is echt eigen ferantwurdlikens. Ik snap ek net dat wy ticht moasten, want as kontaktberop wolst ek net dat je sels wat oprinne. Dus je tinke der wol om. Ik tink dat de boarne fan de besmettingen net leit by sa'n kontaktberop. Mei in bytsje boerelogika komme je in hiel ein. Tattooshops hawwe ek faak oardel oant twa klanten op in dei yn trochsneed. Dat kin maklik."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Rinto's Tattoo Shop yn Burgum

Rinto's Tattoo Shop yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)