Fúzjegemeente Noardeast-Fryslân hat lang om let in flagge en wimpel

04 mrt 2021 - 21:14

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat tongersdei lang om let offisjeel in gemeenteflagge en wimpel fêststeld. De flagge is ôflaat fan it wapen fan de gemeente. Noardeast-Fryslân bestiet al sûnt 1 jannewaris 2019: doe fusearren Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ta in nije gemeente. De Hoge Raad van Adel hat advys jûn oer de flagge.

De flagge en ûnderoan de wimpel - Foto: Noardeast-Fryslân

Nei de fêststelling wurdt de flagge ek opnommen yn it register fan de Hoge Raad van Adel. It grien yn de flagge wiist op it agraryske karakter fan de gemeente. De yndieling jout oan dat it om in kustgemeente giet. De stjer is keazen om't dit it mienskiplike teken fan de trije eardere gemeenten is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)