Stichting Tsjingas by Ried fan Steat yn aksje tsjin ôftakking gasfjild Nyegea

04 mrt 2021 - 20:29

Stichting Tsjingas wol dat de rjochterlike macht gaswinner Vermilion ferbiedt om by in âlde put yn it gasfjild Nyegea in 'sidetrack' oan te lizzen: in ôftakking út de besteande put. Stichting Tsjingas stelt dat de put lek is en dat dizze lekkaazje mei in sidetrack net mear te werstellen is. De stichting frege dêrom tongersdei by de Ried fan Steat om de skeanboarring tsjin te hâlden. Vermilion wol oer in wike úteinsette mei it boarjen.

Gaswinning yn Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Vermilion wol de âlde put, dêr't gjin gas mear út komt, bûten gebrûk stelle en ticht meitsje. Mar mei in sidetrack nei it boppeste part fan de put kin noch wol boarre wurde yn it winningsgebiet Middelburen. Op twa lokaasjes soene dêr noch miljoenen kúb oan gas omheech pompt wurde kinne. Neffens Vermilion is de put feilich en it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat seit dat der gjin lekkaazjes binne en dat de risiko's akseptabel binne.

Pleatslik Belang De Wylgen

Oebele Veenstra fan Pleatslik Belang De Wylgen, dy't tongersdei ek by de sitting wie, hat wol it gefoel dat de rjochter de beswieren fan de boargers tsjin de tariedingswurksumheden meinaam hat, mar ferwachtet net dat de úteinlike boarring fan Vermilion tsjinhâlden wurde kin. "Wy fiele in bytsje winst, mar it is nei alle gedachten net sa dat de wurksumheden útsteld wurde." De sitting fan tongersdei wie mar in lyts ûnderdiel yn in gruttere proseduere tsjin de boarring.

It is noch net wis wannear't de behanneling dêrfan krekt foar de rjochtbank komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)