Mark Rutte (VVD) yn It Polytburo: "Komst Lelyline hinget fan neisleep coronakrisis ôf"

04 mrt 2021 - 22:48

It is noch lang net wis oft dat de Lelyline der komt, ek al stiet it yn it ferkiezingsprogramma fan de VVD. Dat sei Mark Rutte as listlûker fan de VVD yn It Polytburo. Neffens de demisjonêr premier sil earst sjoen wurde moatte hoe't Nederlân út de coronakrisis komt. Want fan de hieltyd heger oprinnende skulden seit Rutte 'een beetje nerveus' te wurden. It kabinet hat oant no ta 70 miljard yn kompensaasjemaatregels stutsen.

Rutte hâldt dus in slach om 'e earm as it om de Lelyline giet. "Ik zeg heel eerlijk: in deze campagne kun je geen harde beloftes doen, want je weet niet hoe we uit deze crisis komen. Ik ga niet de garantie geven dat de Lelylijn er komt, maar het verkiezingsprogramma is er helder over en als de kans er komt dan zullen we die pakken."

Yn berikberens wol de VVD yn prinsipe wol jild stekke: diken, spoar, farwegen en fytspaden. Mar dan wol de VVD wol earst sjen nei de grutste knyppunten wat berikberheid oanbelanget. De ferbining tusken 'stêd en regio' moat ek better neffens de partij. Dêrby wol de VVD dat der nei ferskate opsjes sjoen wurdt, lykas de Lelyline. Regionale spoarlinen wol de partij ôfsplitse. De partij tinkt dat de kosten omleech geane en de kwaliteit omheech as oare ferfierders ek de kâns krije om it treinferfier te fersoargjen.

De rekkening fan corona

Neffens de demisjonêr premier moat de Lelyline mei de formaasje wol meinommen wurde. De fraach is dan: is it de beste wize om ferbining te realisearjen? It jild kin mar ien kear útjûn wurde: "We hebben de grootste crisis in vredestijd sinds de Tweede Wereldoorlog met corona. Ik wordt wel een beetje nerveus van die enorme rekening. Die moeten we ook een keertje terugbetalen."

Dêr leit ek in opdracht foar gemeenten en provinsjes. "Mijn gevoel is dat de rekening meer bij de gemeente ligt dan bij de provincie. Maar in Friesland is de provincie van oudsher een sterke bestuurslaag. Daar ligt een belangrijke taak. Ook voor de provincie: ervoor zorgen dat de gemeentefinanciën gezond blijven."

Net spekulearje oer it Skûtsjesilen

Oer ferromming fan de coronamaatregels is Rutte net optimistysk. It bliuwt mar de fraach oft der kommende moandei op in nije parsekonferinsje in ein fan de lockdown of fan de jûnsklok oankundige wurdt. De besmettingssifers jouwe Rutte noch altyd grutte soargen.

De fraach oft der yn it twadde part fan 2021 wer evenminten hâlden wurde kinne doart de VVD-lieder neat oer te sizzen. "Ik heb al de fout gemaakt een paar weken geleden heel voorzichtig iets te zeggen over de Elfstedentocht. Toen heb ik mij gehaast mijzelf te corrigeren door te zeggen: wij Hollanders mogen dromen van de Elfstedentocht, maar de Friezen besluiten erover. "

Soks jildt ek foar bygelyks it SKS Skûtsjesilen. Rutte: "Dat is echt speculeren. Het aantal gevaccineerden zal steeds meer oplopen en het testen gaat enorm toenemen. Dus we hopen dat vanaf april-mei zich de cijfers wat rustiger ontwikkelen. En we hopen heel erg dat we van juli een beetje terug kunnen daar de situatie zoals we die kennen. Maar ik kan het niet beloven."

Kearnsintrale

Oer de eventuele komst fan in kearnsintrale yn Fryslân seit Rutte dat soks folslein ôfhinget fan it draachflak. De Fryske jongereinôfdieling fan de VVD, de JOVD, hie ús provinsje oanbean nei't it plan fan Rutte om Grinslân dêr foar oan te wiizen ôfsketten waard. "Ik ga nu geen andere plekken noemen, dat lijkt mij niet slim. Als we het gaan doen, alléén met regionaal draagvlak."

Rutte seit mei klam dat hy fynt dat der in nije kearnsintrale komme moat, njonken sinne- en wynenerzjy. "Het goede nieuws is dat het niet meer gaat over 'of' een kerncentrale, maar 'waar' een kerncentrale. Als we het besluit genomen hebben om meer kerncentrales te bouwen, moeten we kijken waar het draagvlak is. Zou dat er in Friesland zijn, dan is dat relevant. Maar het moet met steun vanuit de regio, anders gaat het echt niet."

Ferskate soarten enerzjy

It oandiel duorsume enerzjy moat grutter wurde, fynt de VVD. De partij wol dat foarelkoar krije troch ynnovaasje en tinkt dêrby ûnder oare oan kearnenerzjy, geotermy en akwatermy. Dêrnjonken wol de partij ek wynmûnen op see en sinnepanielen op dakken. Oer it brûken fan kearnenerzjy bestiet in soad diskusje. Guon partijen wolle dat ynsette en Rutte sei fan it wykein sels dat der yn de provinsje Grinslân mooglik wol in kearnsintrale stean kin, yn de Eemshaven. Dat soarge foar in soad fernuvere reaksjes út ús buorprovinsje.

De VVD slút sinneparken en wynmûnen op lân ek net út. Mar dy komme der wat de partij net sûnder draachflak ûnder de lokale befolking.

Wat natuergebieten oanbelanget wol de partij it belied 'realistysk' hâlde. Se wolle opnij sjen nei de gebieten dy't oanwiisd binne as Natura 2000-gebieten. De VVD wol gjin nije gebieten dy status jaan. As it mooglik is, wol de partij wol beskerme natuergebieten oan elkoar ferbine.

De partij skriuwt net yn it programma wat se wolle mei al de lytse gasfjilden yn Fryslân en mei gaswinning yn de Waadsee. Ien ding is dúdlik: de gaswinning yn Grinslân moat wol sa gau mooglik folslein ôfboud wurde. Dêrnjonken wol de VVD de fersterkingsoperaasje yn ús buorprovinsje rapper oanpakke.

It Polytburo sjocht mei listlûkers fan ferskate partijen foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Mark Rutte wie de sechsde gast yn dizze rige. Earder kamen Esther Ouwehand (Partij voor de Dieren), Sigrid Kaag (D66), Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA) en Lilian Marijnissen (SP) del.

Al goed tsien jier is de VVD de grutste partij yn de Twadde Keamer en is Rutte premier. De partij regearet dus ek al dy tiid al, mar de perioade dêr't we no yn sitte, freget om nije karren, skriuwt de partij yn it eigen ferkiezingsprogramma. Neffens de VVD moat de oerheid net mear lytser wurde, mar moat de oerheid mear dwaan om de ekonomy en mienskip sûn te hâlden. Mar hoe dan? En wat betsjut dat foar de tema's dy't yn Fryslân spylje?

Minder útstjit lânbou troch ynnovaasje

De VVD is it mei in protte oare partijen iens dat de skealike útstjit fan de lânbousektor op de omjouwing en natuer werom moat. De partij wol it tal fosfaat- en bisterjochten ferminderje, dat moat úteinlik minder útstjit opsmite, is it idee. Fierder wol de partij boeren finansjeel stypje as se jild stekke wolle yn ynnovative ideeën en techniken dy't soargje foar minder emisje. En de VVD wol it boeren ek mooglik meitsje om de stâl leechstean te litten of emisjeromte te ferhieren, tsjin in fergoeding.

De partij wol de posysje fan boeren tsjinoer supermerken wol fersterkje. De Autoriteit Consument en Markt moat derop tasjen dat boeren earlike prizen krije foar de produkten dêr't mear easken oan steld wurde, bygelyks op it mêd fan bistewolwêzen.

Weidegong wol de VVD net ferplichtsje. De sektor moat der sels foar soargje dat de doelstellingen behelle wurde. Yn it programma ferdúdliket de partij dat stânpunt fierder net. De partij seit wol dat de grûnwetterstân yn feangreidegebieten omheech moat, om de útstjit fan broeikasgassen werom te bringen.

Gemeenten helpe mei hûzebou

Sawat alle partijen wolle mear hûzen bouwe. De VVD ek. Der binne mear hûzen nedich om in grut tekoart oan te pakken. De VVD wol dat ûnder oare foarelkoar krije troch de lêsten foar bouwers te ferleegjen. It Ryk moat ek ôfspraken meitsje mei de provinsjes en gemeenten om mear hûzen te bouwen, want dêr moat fan de partij de ferantwurdlikheid lizze. Gemeenten dy't mear wenningen bouwe, kinne ek mear jild út it gemeentefûns krije. Mei dat ekstra jild kinne de gemeenten dan wer soargje foar goede foarsjenningen en ynfrastruktuer.

De VVD fynt it belangrykste dat der betelbere keap- en hierhûzen komme foar de middenynkommens. Dêrnjonken wol de partij ekstra omtinken foar senioarewenningen en hûzen dy't geskikt binne foar minsken mei in lichaamlike beheining. De VVD wol besykje om âlderein oer te heljen om te ferhûzjen. De hûzen dy't dan frij komme, kin wer nei jongerein, is it idee.

In wize om it tekoart oan te pakken is om leechsteande gebouwen, bygelyks bedriuwspannen, om te bouwen nei hûzen. De partij wol gemeenten ek de mooglikheid jaan om ekstra belesting te heffen op gebouwen dy't langer as in jier leech steane.

Mar dêrnjonken moatte der dus ek nij hûzen boud komme, seit de partij. Dêr moat wol plak foar wêze en dêrom wol de partij dat gemeenten ek mear bougrûn beskikber stelle. Net allinnich yn besteande plakken moat boud wurde, mar ek dêrbûten, as it oan de VVD leit. Dan moat der wol oandacht wêze foar de berikberheid mei de auto en mei it iepenbier ferfier.

'Ekstra ynspanning' yn de soarch

Sûnt de gemeenten tal fan soarchtaken oernaam ha fan it Ryk, binne de finansjele tekoarten by gemeenten hieltyd grutter wurden. Gemeenten witte better wat der lokaal nedich is kwa soarch en dêrom ha dy ek in gruttere rol krigen. Mar it jild bleau achter. Neffens de VVD moatte der noch mear saken feroarje, omdat benammen yn de jeugdsoarch noch in protte saken net goed geane. Dêr is 'ekstra ynspanning nedich', skriuwt de partij.

Fierder wol de partij ynstekke op soarch ticht by hûs en wêr't it mooglik is, dan digitaal. Sikehûzen kinne har dan spesjalisearje yn spesjalistyske behannelingen, wat de VVD oanbelanget. De partij wol wol dat akute soarch yn de regio berikber bliuwt.

Fjouwer Friezen op de list

Op de kandidatelist fan de VVD steane fjouwer Friezen. Fierwei it heechst op de list stiet Aukje de Vries, op plak 8. Sy sit al sûnt 2012 foar de partij yn de Twadde Keamer. In mooglike nijkommer is it Ljouwerter riedslid Harry Bevers. Hy stiet op plak 43. Yn it gemiddelde fan de peilingen stiet de VVD op it stuit tusken de 37 en 41 sitten. Dat soe foar Bevers krekt net genôch wêze, mar de kâns is grut dat de partij aanst wer yn it kabinet sit. As dan guon Keamerleden steatssekretarissen of ministers wurde, is de kâns oanwêzich dat Bevers dochs yn de Twadde Keamer komt. Foar Ivo de Wolff (plak 65) en Roelof Theun Hoen (plak 74) is de kâns lytser dat se keazen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)