Boargemaster Agricola slút wenning yn De Westereen fanwegen drugshannel

04 mrt 2021 - 19:47

Boargemaster Klaas Agricola hat in wenning oan De Bjirken yn De Westereen sletten fanwegen drugshannel. De sluting is foar in perioade fan trije moannen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Healwei jannewaris waard de bewenner fan de wenning oanholden as fertochte fan it ferhanneljen fan softdrugs, ûnder mear út de wenning wei. By it trochsykjen fan de wenning kaam de plysje in hannelshoemannichte softdrugs oan. De boargemaster hat dêrop de wenning slute litten.

It doel fan de tydlike sluting is om in ein te meitsjen oan de bekendheid en it gebrûk fan dizze wenning as drugspân. De doarren en ruten fan de wenning binne foar trije moannen fersegele.

"Wy wolle hjir yn Dantumadiel gjin drugshannel hawwe. Dit tolerearje wy perfoarst net en hjir treed ik tsjin op. Boppedat hat it gebrûk fan drugs skealike gefolgen foar de sûnens en wy hawwe wy ek in strang ûntmoedigingbelied", sa seit de boargemaster.

Trefwurden: 
De Westereen drugspân
(Advertinsje)
(Advertinsje)