Boubedriuw Friso fiert 75-jierrich bestean mei coronahindernissen

04 mrt 2021 - 19:23

It coronafirus stjoert al in jier lang alle jubilea en grutte feesten yn 'e war. Mar dochs wurdt besocht om der mei alle beheiningen wat fan te meitsjen. Sa'n bedriuw is boubedriuw Friso út Snits. Dat fiert dit jier it 75-jierrich bestean. Mar folle soberder as de bedoeling wie, en ek foar it wurk hat corona gefolgen.

Friso fiert 75 jierrich bestean mei Corona hindernissen

De jubileumdei waard tongersdei iepene mei it hisen fan de flagge foar it haadkantoar. Net mei it hiele personiel, mar sober mei allinnich algemien direkteur Henk Dedden en in meiwurker. De bedoeling wie om in grut feest te fieren foar alle meiwurkers mei harren famylje en ek foar de relaasjes. Yn plak hjirfan waard tongersdei op de bouplakken in boerd oanbrocht om it jubileum sichtber te meitsjen.

Bôlebakje

De wurklju krigen in bôlebakje mei ynhâld. En se koene in jubileumfilmke downloade op harren telefoan. Ferskate wurknimmers op de bouplakken fine dat in moaie blyk fan wurdearring en snappe dat it net oars kin. Mar se hoopje dat der yn de takomst noch in echt feest komme sil. Ek de direkteur hopet dat. Mooglik noch ein dit jier, mar as it net oars kin yn de maitiid fan 2022.

Corona hat ek ynfloed op it wurk fan Friso. Sa binne in tal projekten op de eilannen noch altyd net úteinset. Oare projekten hawwe fertraging oprûn. Mar oer it algemien is Dedden tefreden. Mei de nedige maatregels kin de bou gewoan troch. En dat is op oare plakken wol oars realisearret hy him.

Boubedriuw Friso fiert 75-jierrich bestean

(Advertinsje)
(Advertinsje)