Boetes by brommerkontrôle

Flitskontrôle © ANP
By in grutte bromfytskontrôle yn Drachten hawwe tsien scooterriders in boete krigen. De measten waarden oanhâlden om't se te hurd rieden. Ien scooter hie in topsnelheid fan 72 kilometer yn 'e oere, wylst bromfytsers mar maksimaal 50 kilometer ride meie. Twa bestjoerders krigen in bekeuring om't se op 'e dyk rieden wylst se dêr op it fytspaad ride moasten.
De bromfytskontrôle yn Drachten is ûnderdiel fan in kampanje fan de plysje yn novimber. De kommende twa wiken docht de plysje op meardere plakken bromfytskontrôles yn Fryslân.