Frysk bestjoer oersichtlik: "Fryslân is ien grutte bestjoerlike famylje"

04 mrt 2021 - 18:12

Nim in foarbyld oan Fryslân en Seelân en hâld 'bestjoerlike ferrommeling' tsjin. Dat fynt heechlearaar bestjoerskunde Caspar van den Berg fan RUG/Campus Fryslân. Hy skreau mei dosint Herman Lelieveldt in essay oer de 'lappendeken aan bestuurseenheden' dy't der yn in soad provinsjes is. Njonken it Ryk, de provinsjes en de gemeenten binne der yntusken mear as 32 ferskate bestjoersorganen yn Nederlân. Mar Fryslân docht it goed en soe in proeftún foar oaren wêze kinne.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Deze twee provincies zijn bijzonder in Nederland omdat ze sterk een regionaal ecosysteem vormen," seit Caspar van den Berg oer Fryslân en Seelân. "Dat betekent dat veel van de regionale samenwerking plaatsvindt op de schaal van de provincie. Maar ook dat het regionaal bestuur ondersteund wordt door een sterke regionale identiteit: een gevoel van 'wij horen bij elkaar.' En als er regionale opgaven zijn pakken we die met elkaar aan. Dat is lang niet in alle delen van het land zo." Neffens Van den Berg hat Fryslân in sterk 'bestjoerlik regionaal ekosysteem', presys op de skaal fan de provinsje.

Kontrôle fan de demokrasy

As der gjin goede rezjy is op bestjoer, is it gefaar fan ferrommeling tichtby. "Het is niet zozeer een verrommeling omdat het minder goed democratisch gecontroleerd kan worden, maar vooral omdat er voor elk onderwerp een ander structuurtje bedacht is. De verrommeling valt in Fryslân nog mee omdat al die structuren met dezelfde partners zijn. Maar in andere gebieden is dat niet zo, dan wordt het onoverzichtelijk." Troch dy ferrommeling is it foar gemeenten dreech om kontrôle út te fieren.

Dochs kin der ek noch wol wat better, fynt Van den Berg. "In de regionale samenwerking kan de democratische verankering beter georganiseerd worden. We zijn in Nederland in de afgelopen decennia steeds meer dingen op de schaal gaan organiseren tussen de gemeente en de provincie in. Met allerlei vormen van gemeenschappelijke regelingen en intergemeentelijke samenwerkingen. In veel gevallen is de gemeenteraad als volksvertegenwoordiging op afstand komen te staan. Dat is uiteindelijk geen goede ontwikkeling. Want het bestuur is alleen maar goed als het ook gedragen en gecontroleerd wordt wordt door de mensen die wij kiezen in de gemeenteraden. Daar moet je kritisch op blijven."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Caspar van den Berg

Van den Berg hie tongersdei in gearkomste, dêr't ek kommissaris fan de Kening Arno Brok by wie. Brok is tefreden oer de wize fan bestjoer yn Fryslân: "Ik tink dat it wol aardich rint yn Fryslân. Wy komme inoar in soad tsjin en wy hannelje allegearre wol foar it belang fan Fryslân. Dêrmei makket Fryslân wol it ferskil. Ik bin hikke en tein yn Súd-Hollân en haw dêr ek jierren wurke. Dêr is it kontakt mei de provinsje en de wetterskippen folslein oars. Wy binne hjir ien grutte bestjoerlike famylje. Mar it kin altyd better. As ik sjoch nei de opjeften dy't der lizze mei it klimaat, wenningbou en feangreide, dan is it spannend om út te sykjen hoe't wy dat it bêste oppakke kinne."

It mienskiplik belang

De partijen moatte net fan harren sels út gean, mar út it mienskiplik belang wei. Brok: "Trije jier lyn hawwe wy sein: de Vereniging van Friese Gemeenten, Wetterskip Fryslân en de provinsje komme ien kear yn de seis wiken byinoar en dan prate wy oer de strategyske saken dy't fan belang binne foar Fryslân. Ut de opjefte dy't der leit wei. Dus: útgeande fan it mienskiplik belang."

Dêr is foarsitter Fred Veenstra fan Vereniging van Friese Gemeenten it mei iens: "Ik tink dat wy loskomme moatte fan de bestjoerlike hokjes dêr't wy yn sitte. Wy binne net fan de gemeente, provinsje of wetterskip, wy binne mei-inoar fan Fryslân. Wy moatte it oer de doelen hawwe dy't wy foar eagen hawwe."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en Fred Veenstra fan de VFG

(Advertinsje)
(Advertinsje)