Dosinten en learlingen meie wer nei skoalle: "Het voelde als een bevrijding"

04 mrt 2021 - 18:09

Heal desimber gong Nederlân yn in strange lockdown en gongen alle skoallen ticht. Sûnt dizze wike meie learlingen fan middelbere skoallen en MBO-studinten wer ien dei yn de wike nei skoalle. Foar de dosinten en de learlingen is it noflik om wer ris echt op skoalle te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

"Het voelde als een bevrijding toen ik naar school fietste vanochtend", seit Friese Poort-dosint Conrad Berghoef. "Aan de ene kant heb ik er energie van gekregen, om de studenten weer te zien. Maar het was ook wel een gekke dag, het was weer even wennen na twee maanden."

'Je moet weer echt de deur uit'

Learlinge Stella Pultrum wie ek bliid dat se wer nei skoalle mocht. "Elkaar in het echt zien is een stuk leuker, dat is veel fijner dan dat je de hele dag op je kamertje achter een beeldscherm zit." Se wie der ek wol oan ta wer ris der út te meien. "Ik heb er wel naar uitgekeken om iedereen weer te kunnen zien. En om je klaar te maken voor de dag, nu moet je weer echt de deur uit."

Dat se foarearst mar ien dei yn de wike nei skoalle mei, fynt se spitich. "Maar we hebben gelukkig wel twee halve dagen, dat is al weer een ander gevoel."

Heale klassen

Berghoef jout oan dat it regeljen fan in nij roaster mei coronamaatregels in hiel gedoch wie. "De roostermakers en de beleidsmakers zijn echt helden, dat was ook een hele operatie." Sa binne der heale klassen en meie de learlingen harren sa min mooglik bewege troch it gebou. Se ha dan ek in 'eigen' lokaal, dêr't se pauze hâlde en dêr't de dosinten nei ta komme.

Conrad Berghoef en Stella Pultrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)