Moetingsplak foar nijkommers iepenet doarren yn Ljouwert: "Nederland is vaak complex"

04 mrt 2021 - 17:27

De nije multykulturele húskeamer, Sedrana, iepenet yn Ljouwert de doarren. Foar sosjale kontakten en persoanlike ûntwikkeling. Moetsje en prate. Sa moatte nijkommers fan har (taal)achterstân ôf reitsje.

Moetingsplak foar nijkommers iepent doarren

Sûnt dizze wike is húskeamer Sedrana it plak om hinne te gean, benammen foar nijkommers. Foar in praatsje, kofje of in spultsje. Of om wizer te wurden fan saken dêr't je tsjin oan rinne as nije ynwenner fan ús lân.

"It doel is om te soargjen dat alle nijkommers yn Ljouwert sosjale kontakten hawwe", seit inisjatyfnimmer Geertje Postma. "Dy kontakten binne belangryk om de taal goed te learen, de 'ongeschreven regels' yn in lân te begripen, om de kultuer leare te kinnen en om úteinlik aktyf mei te dwaan yn de maatskippij."

Oan tafel yn de húskeamer Sedrana - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Sedrana wurdt betelle mei fûnsen en subsydzjes. It is ûnderdiel fan it partisipaasjeprojekt Onze Familie yn Ljouwert. It inisjatyf is fan Stichting Stjoer en Stichting Jong & Ondernemend Fryslân en nijkommers sels. Se hawwe twa jier dwaande west mei de húskeamer foardat de doarren iepen koenen.

Ynrinne

Sedrana giet fierder as de buertkeamers fan de oerheid, want se ûntwikkelje it ynrin-konsept en de inisjativen mei de nijkommers sels. Sa helpt bygelyks Muna Mohamed minsken dy't Arabysk prate mei de taal fan hjir.

"Als je naar Nederland komt, dan doet het Wijkteam je papierwerk", wit Mohamed. "Maar andere dingen, zoals een plek vinden of iets kopen: dat is heel moeilijk. Veel mensen komen de deur niet uit, maar je moet echt het Nederlands goed leren."

Muna Mohamed docht in spultsje - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Mei har man hat se holpen om Sedrana op te setten. Nasr Ali en Muna Mohammed binne hjir beide kaam as jonge asylsikers. Se binne al jierrenlang as frijwilligers aktyf. Se hawwe faak in bemiddeljende rol spile tusken nijkommers en ynstânsjes en tsjinstferlieners. Se dreamden fan in plak yn Ljouwert om minsken te ûntfangen en fierder te helpen. Ali wit dat je sûnder sosjale kontakten je problemen net oplosse kinne.

"Je moet zelf de stap zetten en niet wachten tot mensen naar je toe komen. Zelf naar de buren of de instanties gaan", wol hy de minsken meijaan.

Nasr Ali is ynrinbegelieder - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Hy wit ek hoe wichtich wurk foar ien is en dêr wol er oare nijkommers by helpe. "Als je geen werk hebt, ben je alleen. Dan ga je heel veel denken. En dan komt ook de heimwee. Dat is het grote probleem", sa lit de fan oarsprong Eritreeske Ali witte.

Nederlân is kompleks

"De wereld hier in Nederland is vaak complex voor nieuwkomers. Door taalachterstand en culturele verschillen raken zij verdwaald in een doolhof van verschillende organisaties en contactpersonen. Hun contacten met Nederlanders zijn vaak beperkt. Hierdoor raken mensen afgezonderd en geïsoleerd. En dan stapelen achter de voordeur de problemen zich op", seit Ali.

Ali is hjir sûnt febrewaris yn tsjinst by Stichting Stjoer as meiwurker ynrinbegelieding foar Sedrana.

De sithoeke yn húskeamer Sedrana - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It is earst woansdeis en tongersdeis iepenDer sille noch keunstworkshops komme, sadat de romte noch wat oanklaaid wurde kin. Mar ek is it in plak, dêr't oare inisjatyfnimmers yn it sosjale en kulturele gebiet yn kontakt komme kinne mei de doelgroep nijkommers.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Corona wie, neist it nimmen fan de needsaaklike maatregels, gjin beheining om in ynrin-húskeamer te iepenjen, it wie allinnich noch mar mear reden om minsken út har isolemint te heljen en om in moetingsplak op te setten. Foar eltsenien is it moai om by-inoar komme te kinnen. Sedrana moat sjen litte dat dat feilich kin. Om foar te kommen dat it te drok wurdt yn de húskeamer, moatte je je earst oanmelde.

De húskeamer is coronaproof - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)