Jacobs werom by seleksje, mar Cambuur feroaret neat yn basis tsjin Telstar

05 mrt 2021 - 15:01

Cambuur wûn ôfrûne snein de topper tsjin Almere City mei 2-0. Woansdei ferlearen de Flevolanners wer, doe wie FC Volendam mei 2-1 te sterk. Allegearre prachtich, sa seit Cambuur-trainer Henk de Jong, mar hy sjocht benammen nei syn eigen ploech. "Wy moatte dat ferlies fan Almere sels fersulverje troch te winnen fan Telstar."

Henk de Jong oer Cambuur-Telstar

De konfrontaasje mei de middenmoter út Velsen-Súd stiet freed op it programma. Dochs wol de Cambuurtrainer der wol efkes in lytse foarútblik oan weagje. "We hawwe noch tolve wedstriden te gean. As wy út dy tolve wedstriden tweintich punten helje, dan moat de nûmer trije al tritich punten pakke. We sitte dus op it goeie paad."

Wedstriden mei druk

De Jong fynt Telstar in lestige tsjinstanner. Hy giet der fan út dat se yn in 5-3-2 systeem spylje sille. "Mar dat kin ek likegoed 3-5-2 wurde, of 4-4-2. Mar dat kinne wy ek bespylje." De moannen maart en april binne belangryk, sa seit De Jong.

"Yn desimber en jannewaris spilest faak net goed. No komme de wedstriden mei de druk." De trainer sil mei deselde alve spilers begjinne as yn de wedstriid tsjin Almere. Jamie Jacobs sit wer by de seleksje nei in blessuere; foar Mitchel Paulissen, Michael Breij en Nick Doodeman komt de wedstriid tsjin Telstar noch te betiid.

Sit Cambuur yn de 'flow'?

Mei de prima útslaggen soenen je sizze kinne dat Cambuur yn 'de flow' sit. Dat wol Henk de Jong lykwols wat relativearje. "Flow praat ik net sa gau oer. Dêr kinne je ek sa wer fan ôf donderje. Ik sjoch leaver fan wedstriid nei wedstriid. De jonges binne der noch altyd goed mei dwaande, dus soe it al in flow fan twa jier wêze."

Jarchinio Antonia hat wer in basisplak

Yn de basis by Cambuur stiet ek wer Jarchinio Antonia. Nei in perioade wêryn't hy de nedige priveeproblemen hie én gjin basisplak hie by Cambuur, leit de sitewaasje der no wer hiel oars by foar foar de rappe oanfaller. "Ik heb natuurlijk een heel vervelende en moeilijke periode gehad", fertelt Antonia.

"Weinig spelen en privé lastig. Ik probeer daar zoveel mogelijk niet meer aan te denken. En dat helpt wel. De jongens en de staf hebben mij goed geholpen en ik speel weer. Ook rechtsback ja. Ik kan daar goed uit de voeten al is het niet mijn favoriete plek."

Antonia sjocht ek dat de kompetysje yn in belangrike faze komt. "Jazeker, dus is het zaak om goed naar je zelf te kijken. Als wij morgen weer weten te winnen is dat lekker voor ons en niet goed voor de concurrent".

Curaçao

Antonia is ek international by Curaçao. Nei de wedstriid fan nije wike tsjin Go Ahead Eagles moat hy him melde by bûnscoach Guus Hiddink. "We spelen spelen twee kwalificatiewedstrijden. Eén op Curaçao en één in Guatemala tegen Cuba. Dat is ook een mooi vooruitzicht."

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Hoedemakers, Maulun, Oratmangoen; Antonia, Mühren, Kallon

(Advertinsje)
(Advertinsje)