10 moannen selstraf foar man fan It Hearrenfean fanwege ferkrêfting frou

04 mrt 2021 - 16:07

In 34-jierrige man fan It Hearrenfean moat tsien moannen de sel yn omdat er oant twa kear ta syn frou mei geweld ferkrêfte hat. Beide kearen hie er tefolle dronken. De frou hie de rjochtbank frege om de man gjin lange finzenisstraf op te lizzen, sy hie leaver dat er in behanneling krije soe. De rjochtbank fûn de saak te slim om mei in lege straf ôf te dwaan, mar hat wol bepaald dat de man him behannelje litte moat.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De man moat him nei syn straf melde by de reklassearing en hy moat ek meiwurkje oan alkoholkontrôlen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)