Nijkommer yn Steaten stapt oer fan Forum voor Democratie nei Code Oranje

04 mrt 2021 - 15:51

De Ljouwerter Samuel van Swol dy't ein maart as Steatelid ynstalleare wurdt, slút him oan by de partij Code Oranje, fan de Haachske âld-wethâlder Richard de Mos. Van Swol stie earder op de list fan Forum voor Democratie en folget yn de Steaten Johann Stellema op, dy't koartlyn opstapte by Forum.

Richard de Mos - Foto: Code Oranje

De Ljouwerter stie by de Provinsjale Steateferkiezings yn 2019 op it fiifde plak op de list fan FvD stie. De partij helle seis sitten, mar Grite Wymenga-Kooistra en de no opstapte Stellema krigen mear foarkarsstimmen.

No komt de sit dus opnij frij. Mar Van Swol is al tiden net mear belutsen by Foarum, seit er. "Ik heb al een hele tijd geleden mijn lidmaatschap opgezegd omdat ik niets moet hebben van antisemitisme en racisme."

Dochs nimt er de sit yn. "In ons staatsrecht is een zetel van een persoon, niet een partij. Als je dus een zetel krijgt, zoals ik, kan je zelf kiezen bij welke partij je je aansluit", leit Van Swol út.

Ombudspolityk

Hy docht dat dus by Code Oranje. Hy wol him foaral ynsette foar de saneamde Ombudspolityk, it plan fan De Mos om de ynfloed fan boargers op de polityk te fergrutsjen. "Dichtbij de mensen staan en van onderop mensen mee laten beslissen met burgerbegrotingen en referenda. Daar wil ik me komende tijd hard voor maken."

Van Swol is lanlik it fjirde Steatelid dat him oanslút by de partij van De Mos.

Samuel van Swol

(Advertinsje)
(Advertinsje)