Cambuurstadion stapke tichterby: Van Wijnen en Friese Poort binne derút

Boubedriuw Van Wijnen en ROC Friese Poort binne der út. De skoalle sil romte hiere yn it nije Cambuurstadion, dat it boubedriuw graach bouwe wol. De skoalle hat de hantekening set ûnder in oerienkomst mei it boubedriuw. Dat befêstiget Remco Meijerink fan Friese Poort tongersdei. Ien fan de redenen wêrom't projektûntwikkeler Wyckerveste ferline jier út de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion stapte wie om't se der net útkamen mei Friese Poort.
Cambuurstadion stapke tichteby
Mei it akkoart tusken Friese Poort en Van Wijnen is it nije Cambuurstadion in stapke tichteby. Meijerink is dan ek tige wiis mei de oerienstimming mei Van Wijnen: "Ik denk dat dit goed nieuws is voor onze studenten en onze docenten. We hebben een akkoord op hoofdlijnen getekend met Van Wijnen. Nu is het aan hen om er ook met andere partijen uit te komen."
Oer de wichtichste punten binne de partijen no akkoart, seit Meijerink. "We hebben een overeenstemming over de huurprijs, over het kwaliteitsniveau van oplevering, het tijdpad en andere belangrijke details."

Betingsten

Dêrmei is alles lykwols noch net rûn. Sa sit der noch wol in betingst oan de oerienkomst fêst: "Er is wel een ontbindende voorwaarde in het contract opgenomen. De schep moet voor 1 januari 2022 de grond in. Wij hopen dat het stadion dan in augustus 2023 kan worden opgeleverd, zodat we er in het schooljaar 2023/2024 gebruik van kunnen maken."
Der moat lykwols noch wol wat barre foar't it safier is. "Zoals met ons harde afspraken gemaakt zijn, moet dat ook met andere partijen gebeuren. Er kan nog een kink in de kabel komen, maar ik heb er vertrouwen in dat het gaat lukken."
Remco Meijerink fan ROC Friese Poort

Yntinsje-oerienkomst mei Wyckerveste

By boubedriuw Van Wijnen giet de flagge noch net daliks út, mar neffens direkteur projektûntwikkeling Arjen Oosting is mei de oerienkomst mei Friese Poort de positive enerzjy werombrocht yn it hiele stadiondossier. "Dit is in hiele wichtige earste stap. Net allinnich dat wy derút binne mei Friese Poort, mar ek dat wy in yntinsje-oerienkomst sletten ha mei Wyckerveste."
Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Wyckerveste hat earder oanjûn dat se trije miljoen euro op it kleed ha wolle foar de plannen. "Oer jild kin en wol ik net in soad sizze. Wêrom it ús wol slagge is en Wyckerveste net? Dat wit ik net. Ik wit allinnich dat hoe wy te wurk gean, en soms moat je fierder sjen as suver finansjeel. It moat fansels rendabel wêze, mar dit projekt bringt ek opskuor yn Ljouwert en it is wichtich foar de Friese Poort. Dat telt foar ús ek mei."
Oosting seit ek dat de komst fan it nije stadion noch altyd net definityf is. "Mar sa't ik sei, dit is wat it projekt nedich hie. No kinne wy fierder yn petear mei oare partijen, lykas de gemeente, Cambuur en it WTC."
Arjen Oosting, direkteur projektûntwikkeling fan boubedriuw Van Wijnen Noord

'Dit dominosteentje moest vallen'

Direkteur Ard de Graaf fan Cambuur is fansels bliid mei de oerienkomst tusken Van Wijnen en Friese Poort. "Dit was een heel belangrijk dominosteentje dat moest vallen. Nu kunnen we met z'n allen verder met het leggen van de puzzel. Er moet nog steeds heel veel gebeuren, vergis je niet, maar de gesprekken tussen Friese Poort en Van Wijnen waren daarin wel heel erg belangrijk."
Cambuur hat sels ek al ferskate petearen hân mei it boubedriuw. "En daar gaan we uiteraard mee verder. Wij hadden een overeenkomst met Wyckerveste, dus het is nu kijken of die moet worden aangepast. Maar ik heb er alle vertrouwen in dat we daar wel uit gaan komen."
Ard de Graaf