162 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

It RIVM meldt tongersdei 162 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 25 mear as woansdei, doe gie it om 137 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der yn trochsneed 166 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Ljouwert (38), Súdwest-Fryslân (27) en Waadhoeke (21).
Der is yn de ôfrûne 24 oeren ien Fries ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus, in ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Der binne twa Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, ynwenners fan De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4161 nije coronabesmettings meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.