"Finansjele oplossing Thialf ûnmooglik sûnder stipe gemeente en provinsje"

04 mrt 2021 - 15:12

De oerheid moat byspringe om iisstadion Thialf op It Hearrenfean oerein te hâlden. Dat seit Pier Eringa, dy't yn opdracht ûndersiket hoe't Thialf út de finansjele problemen komme moat. Eringa praat dêroer mei ûnder oare it reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yntusken is wol safolle dúdlik dat Thialf it net oprêdt sûnder in jierlikse stipe fan de gemeente Hearrenfean en de provinsje. Dy binne beide oandielhâlder fan it iisstadion. Thialf draaide ferline jier mei oardel miljoen euro ferlies. Dat ferlies hie sûnder coronastipe fan de oerheid noch grutter west.

"Wy witte dat Thialf it hiel goed docht mei de sport, mar minder mei de sifers", seit deputearre Sander de Rouwe. Der moat in strukturele oplossing komme. De PvdA sei earder al dat it Ryk meibetelje moat oan it oerein hâlden fan Thialf. "Thialf is net allinnich foar Fryslân. Ek oare partijen moatte meibetelje om it oerein te hâlden."

Deputearre Sander de Rouwe

Trefwurden: 
KNSB Thialf NOC*NSF Pier Eringa
(Advertinsje)
(Advertinsje)