Earste bewenners Fryske soarchynstellings troch húsdokters faksinearre

Fryske húsdokters binne tongersdeitemoarn úteinset mei it faksinearjen fan âlderein en minsken mei in beheining dy't wenje yn in ynstelling of lytsskalige wenfoarm en falle ûnder de húsdokter. De faksinaasje wurdt dien troch mobile prikteams fan Dokterszorg Friesland en Friese Huisartsen Vereniging.
Faksinaasje yn soarchynstellingen
De mobile prikteams bestean út húsdokters, doktersassistinten en in sjauffeur dy't ek de administrative stipe ferlient. De âlderein en minsken mei in beheining yn kwestje krije it Moderna-faksin. Ien fan de earste lokaasjes wie Leppehiem yn Akkrum.
Húsdokter Brent Bearda Bakker sette de prikken yn Leppehiem
© Omrop Fryslân
Yn totaal wurde yn trije wike mear as 6.300 minsken faksinearre op 400 ferskillende lokaasjes. Dokterszorg en De Friese Huisartsen Vereniging wurkje dêryn gear mei Certe, ferfierder it Witte Kruis en de sikehûsapoteken.
It is neffens Dokterszorg in yngewikkelde logistike operaasje om yn koarte tiid sa folle mooglik minsken te faksinearjen op in grut oantal lokaasjes. "We zijn erg blij dat we hierbij samenwerken met Certe en het Witte Kruis voor de logistiek", seit Robert Meyer fan Dokterszorg Friesland.
Inge Scholing fan Leppehiem oer it belang fan de faksinaasjes