Q&A: 6 fragen oan Hilda Talsma, skriuwster fan it Frysk Kadoboek

De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt sneon 6 maart om 20.00 oere útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje. Haadgast fan de jûn is Hilda Talsma. De skriuwster skreau Lockdownleafde, it kadoboek fan de Fryske Boekewike 2021. Wat makket in Frysk boek no in góed Frysk boek? Wêrom is dy Fryske Boekewike wichtich en is it eins net gewoan in bytsje saai? Wy leinen de skriuwster seis fragen foar.
© Siska Kroondijk

Wat makket in Frysk boek in goed Frysk boek?

"Dat is hiel persoanlik en ik kin net foar in oar prate. Wat foar my wichtich is, is dat it ferhaal flot ferteld wurdt, de ferhaallinen net tefolle troch elkoar hinne rinne en bepaalde saken net ivich werhelle wurde. In ferhaal moast leauwe kinne, de personaazjes moatte libje. Ik hâld ek fan romantyk, humor en optimisme. Oer it algemien besjoen, moat in boek wol goed yn elkoar sitte, bygelyks wat de tiid oanbelanget. Dat de no- en doetiid net troch elkoar hinne rinne, dus in goede redaksje is hiel wichtich."

Wêrom is de Fryske Boekewike neffens dy fan belang?

"Omdat it wichtich is it Fryske boek út en troch ris ekstra yn it sintsje te setten en ek ekstra omtinken oan skriuwers en nije boeken te jaan. Grutsk wêze op wat we dogge en dat sjen litte is de bêste reklame!"

Is sa'n wike net saai?

"No wol, mei de lockdown. Mar we hiene in hiel moai Boekefeest betocht en dêrnei soene der optredens komme mei skriuwers en muzikanten troch de provinsje. Dat sil no letter dit jier heve en ik sil op 'en paad mei Emiel fan de Hûnekop. Minsken kinne no ek net efkes yn 'e boekhannels omstrune, mar it is net oars. Lockdownleafde is yn alle gefallen net in saai boek!"

Hoe sjochsto de takomst fan it Fryske boek?

"Dat hinget der fan ôf hoe't we dêr sels mei omgean, tink ik. Mar as de marketing goed is en der út en troch nij wurk ferskynt dan hat it Fryske boek absolút in takomst. Der sil wierskynlik noait mear safolle lêzen wurde as yn de tiid doe't der noch net safolle oare ôflieding wie sa as de telefyzje en kompjûters, mar der sille altyd minsken bliuwe dy't fan boeken en moaie ferhalen hâlde."

Hasto noch in gouden tip foar Fryske lêzers? Hokker boek moatte sy keapje?

"Dat fyn ik hiel dreech om te sizzen, omdat ik sels net in soad lês. Dêrom ha ik Martsje de Jong frege, sy lêst alles wat los en fêst sit:
Fan dizze boeken ha ik De Raven al lêzen en dat fûn ik hiel moai!"
Kinst ús alfêst in foarpriuwke jaan fan Lockdownleafde?
Hilda lêst foar:
"'Ewald jonge, wat leuk dat ik dij na al dy jaren oek wear un kear sien! Kom hier, ik wil met dy knuffele!' Connie giet op 'e teannen stean en slacht de earms om syn nekke. Hy slacht ek mar in earm om har hinne want oars stiet er der wat ûnnoazel by. It is yndied lang lyn en hy freget him ôf wêrom't se no krekt komt. Wat hat sy no mei de problemen tusken de Van Panhuysjes te meitsjen?
Connie lit him wer los en docht in stap tebek. 'Bist presys soa't ik mij dy foarsteld had na al dy ferhalen. En lykst sprekend op dyn fader toen-y jonger was, bist alleen wel un stuk groater. Dat hest fan dyn moekes kant.'
'Gaan sitten, Connie,' seit Paulus van Panhuys. 'En do ek, Ewald.'
Hy wiist syn soan in plak oan en Ewald folget it befel op. Se sitte by de fergadertafel yn it kantoar fan syn heit, dus is it grif net foar de gesellichheid dat er komme moast. It sil wol wer itselde ferske wêze as altyd.
Paulus giet oan it haad fan de tafel sitten en Connie sit tsjin Ewald oer. Se is lytser en âlder wurden, mar it hier is noch like wyt en har eagen twinkelje ek noch like ûndogens as eartiids.
'Moai datst der oek even bij bist, Connie,' begjint Paulus. 'Ik weet dat ut un bitsje freemd is maar ik hoop dat jou nòch wat toefoege kanne an myn verhaal.'
'Ik sal myn best doën, boskabouter.'"
De ôftraap fan de Fryske Boekewike is sneon 6 maart om 20.00 oere te sjen by Omrop Fryslân. It kadoboek Lockdownleafde fan Hilda Talsma is yn de Fryske Boekewike, fan 6 oant en mei 14 maart, fergees te krijen by oankeap fan in boek yn dyn favorite boekhannel.