Ekolooch jaget op Feanster treurprotters: "Oars sjongt der gjin mosk mear op it dak"

04 mrt 2021 - 12:57

Ekolooch Johannes Ruurd Fokkens is op It Hearrenfean op jacht nei trije treurprotters. De úthiemske fûgel terrorisearret lânseigen fûgels en dêrom hat de Provinsje Fryslân Fokkens frege om de bistjes te fangen.

Foto: ANP

De treurprotter komt foaral foar yn tropyske gebieten yn Azië en it Midden-Easten, mar ferspriedt him hieltyd mear. Lokale soarten lizze it yn de striid om iten faaks ôf tsjin de agressive fûgel. De fûgel, ek wol treurmaina neamd, fernielt geregeld nêsten of deadet jonge fûgels en kin boppedat ek sykten meibringe.

Hoe't de fûgels op It Hearrenfean bedarre binne, wit Fokkens net. "Miskien dat se út in foliêre ûntsnapt binne, of se binne loslitten." Wat wol wis is, is dat de treurprotters gefaarlik binne foar lânseigen fûgels.

Ynvasive soart

De fûgel stiet op de list mei hûndert meast ynvasive soarten fan de wrâld. "Stel se krije aaien en der komme jongen, dan ha we aansen miskien gjin mosk of protter mear op it dak te sjongen", sa seit Fokkens.

Om't de treurmaina neist katten en sparwers gjin fijannen hat, kin er him gau ferspriede. "Se kinne trije of fjouwer kear yn it jier jongen krije. Dan kinne der yn in jier sa fyftjin of tweintich nije fûgels by komme."

Koaien en netten

Dêrom sil Fokkens no besykje de fûgels te fangen. "Dat sil foaral mei fangkoaien wêze. Dêrneist sil ik mei netten oan de slach, om se op bistefreonlike wize te fangen." As de fûgels yndie fongen wurde, krije se plak yn in opfang dat spesjalisearre hat om ynvasive soarten te hâlden.

Johannes Ruurd Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)