Ljouwert ferbiedt hinderlik gebrûk fan gniisgas yn hiele gemeente

04 mrt 2021 - 12:14

Gemeente Ljouwert ferbiedt it hinderlik gebrûk fan gniisgas yn de iepenbiere romte yn de hiele gemeente. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten. It brûken sels kin net ferbean wurde, mar de gemeente kin wol yngripe as it oerlêst jout. Om foar te kommen dat de oerlêst him ferpleatst nei oare plakken hat it kolleezje no keazen om it ferbod oeral jilde te litten.

Gniisgas yn Ljouwert

De gemeenteried fan Ljouwert hie yn 2019 yn in moasje frege om te ûndersykjen oft it brûken en ferkeapjen fan gniisgas yn de stêd tsjinholden wurde koe. Optreden tsjin de ferkeap wie net mooglik, sa konkludearre de gemeente.

Dêrom is keazen om in ferbod op it brûken fan gniisgas fêst te lizzen yn de Algemene Plaatselijke Verordening, sadat makliker optreden wurde kin tsjin oerlêst.

It kolleezje is benaud dat at der in lytser gebiet keazen wurdt foar it ferbod, dat de oerlêst dan yn oare wiken en doarpen grutter wurdt.

Ballon mei gniisgas - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)