Tsjerke Finkegea krijt nei fyftich jier syn toerspits werom

De tsjerke fan Finkegea krijt nei mear as fyftich jier wer in toerspits. De oarspronklike toerspits waard yn 1969 fan de tsjerke ôfhelle fanwegen de minne steat. Echt nij is de nije toerspits lykwols net, it giet om in 'recycle' eksimplaar
© Lenus van der Broek
Stichting Behoud Finkegea is al lange tiid dwaande mei de toerspits en de fergunning. Se hawwe hjirfoar ferskate mooglikheden ûndersocht en bepraat. It kolleezje ferlient in omjouwingsfergunning om't dat de tsjerke behâlde wol. Ek fynt it kolleezje it opnij brûken en de ynset fan it doarp wichtich. De tsjerke yn Finkegea is de earste tsjerke yn Nederlân dêr't in brûkte toerspits op pleatst wurdt.
It kolleezje negearret dêrmei it ôfwizende advys fan de wolstânskommisje Hûs en Hiem. De provinsjale advyskommisje fûn de ferhâldingen fan de spits net passen by de tsjerke. "Het is een andere bouwstijl", leit Jeanette van Veen Geurtsen fan Stichting Behoud Finkegea út. Boppedat is it tsjerkje in ryksmonumint en dêr jilde neffens de kommisje strangere regels foar.

Gjin jild foar rekonstruksje

De stichting sjocht lykwols gjin probleem yn de botsing fan boustilen. "Het is een heel bijzonder project geworden gedurende de jaren. De kerk is aangekocht door het dorp en in 2018 aan de buitenkant helemaal gerestaureerd. Wij willen nu graag de eigenlijk open lantaarntoren weer herstellen."
Foar restauraasjes fan tsjerketuorren binne der ferskate fûnsen en jildpotten beskikber, mar foar rekonstruksje hast net. "Wij hebben als stichting ontzettend ons best gedaan om het geld bij elkaar te krijgen, maar dat lukt niet", leit Van Veen Geurtsen út.

Foarbestimd

In antwurd kaam doe't in ynwenner fan Finkegea troch Velserbroek yn Noard-Hollân rûn en by tafal op in toerspits stjitte. Dy wie ôfkomstich fan it katolike mannesikehûs Joannes de Deo yn Haarlem. Dat waard ein jierren 70 troch in kreakaksje rêden fan sloop. It karakteristike haadgebou út 1889 is seis jier lyn folslein yn âlde gloarje wersteld en geskikt makke foar bewenning troch senioaren. Mar de toerspits ferdwûn nei it terrein fan de oannimmer yn Velserbroek.
De Finkegeaster mailde Jeanette mei "een ideetje" om dy toerspits te brûken foar de tsjerke yn Finkegea. "Dat ideetje is nu uitgewerkt." De oannimmer hie de toerspits altyd bewarre. "Hij wist niet waarvoor. Toen wij kwamen, zei hij dat hij 'm dus al die tijd voor ons had bewaard. Een heel bijzonder verhaal", seit Van Veen Geurtsen.
De toerspits, dy't al yn it foarjier fan foarich jier arrivearre, wurdt restaurearre en oanpast troch in boubedriuw út Aldeholtpea. De restauraasjewurksumens binne hast klear. Wannear't de toerspits op de tsjerke fan Finkegea pronket, is noch net bekend.
Jeanette van Veen Geurtsen fan Stichting Behoud Finkegea