Plysjekampanje 'Niet onder mijn neus' om tanimmende drugskriminaliteit

04 mrt 2021 - 10:35

Der binne hieltyd mear drugslabs yn Noard-Nederlân. Ek wurdt der mear drugs dumpt. Dat docht bliken út plysjeûndersyk. Opfallend is dat der yn it Noarden yn ferhâlding ta de rest fan it lân mear drugsôffal dumpt wurdt. De plysje lansearret dêrom de bewustwurdingskampanje 'Niet onder mijn neus'.

Tanimmende drugskriminaliteit

De stigende line fan it oantreffen fan produksjelokaasjes fan de ôfrûne jierren set troch, seit Joop de Schepper, Haad Operatiën, foar de ienheid Noard-Nederlân. "In 2019 zijn in Noord-Nederland zes drugslabs ontdekt en ontmanteld, in 2020 waren dat er in totaal elf. Dat is bijna een verdubbeling." Yn Fryslân waard yn 2020 in methlab oantroffen yn in buorkerij yn Wânswert, dit jier yn Minnertsgea, Miedum en Kootstertille.

Dumplokaasjes

Yn Noard-Nederlân is der, yn tsjinstelling ta de rest fan it lân, in stiging te sjen yn it oantal dumplokaasjes. Yn 2019 is op twa plakken drugsôffal oantroffen, yn 2020 is dat oantal tanaam ta trettjin lokaasjes. "Dat kan liggen aan het feit dat er in onze regio ook een stijging te zien is in het aantal opgerolde labs", seit De Schepper. "We zien bovendien dat er ook meer opslag van afval is op de productielocaties zelf."

Crystal meth

Op de oantroffen produksjelokaasjes wurde ferskillende soarten syntetyske drugs produsearre, mar benammen methamfetamine. Dit is, lanlik sjoen, mear as trije kear sa folle as yn 2019. "Ook in het Noorden hebben we daarmee te maken", seit De Schepper.

Der binne yn 2020 fjouwer lokaasjes ûntdutsen dêr't methamfetamine produsearre waard. Krekt as op oare plakken yn it lân, is dêrmei in opfallende stiging te sjen fan it oantal methlabs yn Noard-Nederlân. Yn 2019 binne der gjin methlabs ûntdekt yn it Noarden, de lêste wie yn it Drintske Zuidlaren yn 2018.

Machtsposysje

Kriminelen dy't syntetyske drugs produsearje of ferhannelje, fertsjinje dêrmei in soad jild. Mei dit jild, mar ek mei geweld en yntimidaasje besykje sy harren machtsposysje te ferstevigjen. Se keapje har yn de boppewrâld yn en ynvestearje drugswinsten yn harren omjouwing. "Deze criminele organisaties opereren op verschillende markten, zijn dynamisch en hebben flexibele verschijningsvormen en samenstellingen", jout De Schepper oan. "Om daartegen op te treden moet je je als politie kunnen aanpassen om daarop in te kunnen spelen."

Yntervinsjeteams

Sûnt novimber binne yn Noard-Nederlân trije yntervinsjeteams aktyf om kriminaliteit mei grutte maatskiplike effekten oan te pakken. Dy wurkje op basis fan ynformaasje út intelligence, opspoaring en wykaginten, mar ek op basis fan tips fan boargers. "Het gaat er om dat we de informatie van buiten en onze eigen intelligence en de interventieteams nu direct bij elkaar brengen zodat we sneller kunnen ingrijpen, waardoor de impact van ons handelen op de maatschappij groter is."

Mei de yntervinsjeteams wol de plysje de produskje én de folsleine drugsketen ûnderbrekke. "Om de effectiviteit daarvan te vergroten, is niet alleen belangrijk om deze drugslabs op te rollen, maar ook samen op te trekken met justitie en rechtbanken. "

Foto: Politie

'Niet onder mijn neus'

De plysje wurket dêryn gear mei oare oerheidspartners. "Preventie is daarbij essentieel. We moeten samen voorkomen dat criminele groeperingen nieuwe aanwas krijgen. Maar ook willen we voorkomen dat mensen met bijvoorbeeld loodsen of schuren op een afgelegen terrein deze, al dan niet bewust, verhuren aan criminelen."

Om boargers mear te belûken by it opspoaren fan drugskriminaliteit, lansearret de plysje de bewustwurdingskampanje 'Niet onder mijn neus', yn gearwurking mei it RIEC (Regionale Informatie- en Expertise Centrum) en boere-organisaasje LTO Noord. De Schepper: "We gaan dieper in op hoe je de signalen van criminaliteit in jouw omgeving kan herkennen én wat jij vervolgens kan doen om ons te helpen in de opsporing en handhaving hiervan. Alle informatie die burgers hebben is welkom, hoe klein ook. Soms kan een klein detail nét het missende stukje zijn in de puzzel die wij moeten leggen."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Thijs Damstra fan plysje Noard-Nederlân

(Advertinsje)
(Advertinsje)