Nij ôffalskema Tytsjerksteradiel foldocht jiskemannen goed: "Je ha drokte sêd"

04 mrt 2021 - 10:23

Yn de gemeente Tytsjerksteradiel wurdt de grize kontener sûnt it begjin fan it jier net mear alle twa wiken ophelle, mar noch mar ien kear yn de trije wiken. It is de bedoeling dat ynwenners dêrtroch minder ôffal yn de grize bak smite. Dat nije skema foldocht goed, sa fertelt Sietze Zijlstra, sjauffeur op ien fan de jiskeweinen.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

"No is it ek noch net sa drok, mar dat komt aansen yn it foarjier wol mei it meanen en snoeien en alles", fertelt Zijlstra. Tongersdei moatte der in stik as tûzen konteners lege wurde yn Sumar, Suwâld en Tytsjerk. "Je ha drokte sêd deis", seit Zijlstra. "Mar ik mei it graach dwaan."

Hy rôle by tafal yn it wurk. "Ik wurke by de gemeente en se moasten in ferfanger ha. Ik ha earst myn frachtweinrydbewiis helle en doe moast ik yn de fakânsjetiid. Lichaamlik hie ik wat klachten dus sûnt jannewaris sit ik fêst op de auto."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar op 'e jiskewein

Mei in op in kompjûterspultsje lykjend systeem pikt Zijlstra de konteners op. Dêr komme sa no en dan wol manoeuvres by sjen. "Eins moatte de bakken twa om twa stean, mei in stikje tuskenromte", leit Zijlstra út. "Dat stiet ek wol op de bakken, mar minsken ha dat soms net hielendal yn de gaten."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Net alles giet goed op sa'n moarn. Sa moatte guon lju noch yn de nachklean de kontener bûten sette. "Eltse dei eins wol ien", laket Zijlstra. "We slaan ek wolris in kontener kapot. Of falt er ien dy't fierstente swier is yn de wein." Sa ek tongersdeitemoarn, en dan moat Zijlstra derút om de kontener der wer út te fiskjen.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn petear mei Sietze Zijlstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)