Grutte lading ôffal en asbest dumpt by boarterstún yn Grou

04 mrt 2021 - 09:50

Oan de Hoxma yn Grou is woansdei in grutte hoemannichte ôffal dumpt. Dêrby sieten ek 20 brutsen platen en losse stikken asbest. It guod waard direkt neist in boarterstún delsmiten.

Hanthaving sette it plak ôf. Nei ûndersyk binne der twa fertochten heard. Tsjin ien fan harren is in proses-ferbaal opsteld. Dy persoan moat 2.000 euro betelje foar it dumpen fan asbest en grut ôffal. De kosten foar it fuortheljen en reinigjen fan it ôffal wurde ek op de fertochte ferhelle.

Trefwurden: 
asbest Grou ôffal Hoxma
(Advertinsje)
(Advertinsje)