Plannen foar natuergolfbaan Skylge nei sân jier fan de baan

04 mrt 2021 - 08:53

Der siet sân jier oan tarieding yn, mar dochs komt de natuergolfbaan op Skylge der net. In groep golfentûsjastelingen op it eilân besocht jierrenlang om in golfbaan oan te lizzen yn Natura 2000-gebiet, mar de plannen binne finansjeel net helber en der komt te folle by sjen kwa regeljouwing.

Foto: Shutterstock

It plan om beammen dy't kapt wurde moasten foar de oanlis fan de nije baan te kompensearjen mei grize dunen, koste ien oant oardel miljoen euro ekstra en wie dêrom net helber. "We moesten ook op natuurlijke wijze inheems gras laten groeien om het inzaaien van gebiedsvreemde grassen te voorkomen en ook aan het watergebruik in het gebied waren strenge eisen verbonden", leit Cees de Breed, foarsitter fan Golf Club Terschelling, út.

It is in grutte domper foar Stichting Natuur Golfbaan Terschelling, dy't yn it libben roppen wie om de oanlis foar elkoar te krijen. "Een paar jaar geleden hadden we nog het gevoel dat het ging lukken", seit De Breed. "Maar het mag helaas niet zo wezen."

Soad tiid yn stutsen

It wie net in maklike kar om de stekker derút te lûken. De Breed: "Dat was heel lastig. De eerste gesprekken waren al in 2010. We hebben er heel veel tijd in gestopt en we dachten ook lang dat het echt mogelijk was." Der wie in soad stipe foar de plannen. "De architect was lyrisch. We hadden al meer dan 200 leden bij de club en op het eiland steunde ook iedereen de plannen."

Skande fan de muoite

It folsleine proses hat sa'n 220.000 euro koste. De golfklup brocht jild yn, mar ek de provinsje, gemeente, Rederij Doeksen en it Westcord Hotel joegen subsydzje. "Iedereen vindt het vooral ontzettend jammer." De Breed fynt it ek skande fan alle muoite dy't der al yn stutsen wie. "Het is ook niet alsof je hier huizen zou bouwen, je kon het zo weer teruggeven aan de natuur."

De leden fan de golfklup bliuwe baltsjes slaan op it eilân, mar Stichting Natuur Golfbaan Terschelling wurdt opheft. "Er is nu verder geen ruimte op het eiland voor een golfbaan, maar als bijvoorbeeld een boer stopt en de grond aan ons wil verhuren of verkopen, dan gaan we kijken wat er mogelijk is."

Cees de Breed, foarsitter fan Golf Club Terschelling

(Advertinsje)
(Advertinsje)