Kollum: "Ien beam"

04 mrt 2021 - 08:16

"Even tocht ik dat ik it hân hie. Dat it hjirboppe ûnder dat fûgelnêst fan in coronakapsel fan my no dochs wier yn 'e war rakke wie. Want dizze wike ha ik eat dien dêr't ik as sûne Fryske jonge nea fan tocht hie dat ik it dwaan soe. En foaral: hoe lis ik dit oan heit út? Ik ha in beswierskrift skreaun én yntsjinne oer de fergunning fan Amsterdam om ien beam te ferpleatsen. Jawis: 1 beam. Ha ik no myn Fryske woartels ferlern? Past dit in Fries wol?

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Wy binne thús gjin beamkrûpers. We krigen dêr ek net de kâns ta, want ús heit hat in nochal nauwe bân mei syn kettingseage. De oranje mei wite motorseage stie einliks altyd paraat, goed trochsmard, en mei in skerp ketting. Sadat heit elk momint fan de dei yn aksje komme kin, as der by need in beam omseage wurde moast. Wêr binne de earkleppen? Dy hingje klear oan it hânfet fan de kettingseage. Wêr is de jerrycan mei benzine? Neist de kettingseage. Wêr is de kettingseage? Midden op it paad. Foar de wissichheid hat er op in momint dat ús mem net oplette der nóch ien kocht. Want wat is der better as ien kettingseage? Krekt: twa kettingseagen.

Myn oantinkens oan 'e winters op de buorkerij ha in begelieding fan it motorlûd fan in kettingseage. As der iis lei, wie ús heit bliid. Wêrom? Dan koe hy beammen omlizze dy't oer in feart falle soene. Dus ek mei iis, wie dêr wer de kettingseage. Us heit hat no sinnepanielen op it dak. Hy kaam derachter dat dy panielen alle dagen op in bepaald stuit fan 'e dei minder opleveren. De konklúzje wie noch mar amper lutsen dat dit komme moast troch in wat ûngelokkich tûkje fan in beam, as dêr siet ús heit al yn 'e touwen om de komplete beam om te heljen. Us heit is o-sa grien.

Hy hat hjirtroch op it stuit safolle stookhout, dat hy in der in twadde muorre om harren hûs mei bouwe kin, sadat it sa goed isolearre is dat hy nea wer hoecht te stoken. Dat docht der net, want stoke is it twadde dat ús heit graach docht. Hawar, in beam krige by ús thús net gau de kâns ta krûpgrutte út te groeien. Want foar dy tiid lei dy al om. Dus nee, in beamkrûper wie ik fan hûs út net. Mar no ha ik dus dat beswierskrift skreaun. Tsjin it ferpleatsen fan ien beam. Ja heit, ien.

Ik wenje oan in offisjele leane. Sa'n âlde rjochte stedswei mei oan beide kanten in rige beammen. Platanen om presys te wêzen. Se binne net sa âld, dizze beammen, mar se stean yn gelid. De rige is yn myn stêd ferneamd, is unyk yn 'e stêd en bepaalt ek foar in belangryk diel it oansjoch fan dizze strjitte. En dat fynt de gemeente ek, alteast as je ôf gean op harren 'Bomenplan'. Moai is ek datst op iuwenâlde tekeningen sjen kinst dat it altyd sa west hat: in rige beammen oan beide kanten. Mar no wol in organisaasje dy't in grut gebou hat oan dizze strjitte harren yngong feroarje, en lit no krekt rjocht foar dy yngong ien fan de beammen stean. Lit it ús heit net hearre.

Dus tekenje se it no rjochte fytspaad mei in kronkel om harren nije yngong hinne, nukke se dy beam der út en fergrieme se it moaie rjochte byld en it ritme fan dizze strjitte. Myn beswier is dus fan estetyske aard. Ik fyn it einliks bespotlik dat ik as ynwenner hjir wat fan sizze moat. Mar wêr't ik hast noch mear mei sit: hoe lis ik dit ús heit út.

En doe seach ik moandei by de Omrop dat se yn Balk al in skoft oan 'e gong binne mei de wâlmuorren fan de Luts - in moanne lyn noch yn it nijs om't it diel fan 'e Alvestêderûte is. Der stiene by dy wâl trijentritich âlde stobbewylgen. It is diel fan it beskerme doarpsgesicht, mar de beammen moasten romte meitsje foar de wurksumheden. In jier lyn binne de beammen dus ferpleatse nei in tydlik plakje, en no wurde se werom setten. Us heit sil wis kettingseage-kribels krigen ha, mar Friezen jouwe dus wol deeglik om beammen. Wat geweldich. Alde beammen ferplantsje. En sa de rjochte rige lâns de Luts yn eare herstelle. Se kinne yn Amsterdam noch wat leare fan Balk. Ik hoopje dat ús heit it ek sjoen hat."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)