Schulting hopet op fiif kear WK-goud, mar: "De grootste tegenstander ben ik zelf"

Hast alle shorttrackwedstriden dy't Suzanne Schulting dit seizoen riden hat, wûn se mei oermacht. Oft it no in Nederlânsk kampioenskip of in Europeesk kampioenskip wie, Schulting stie op it heechste trêd. Dit wykein hopet se noch ien kear dit seizoen alles út de kast te heljen op it wrâldkampioenskip dat yn Dordrecht plakfynt.
Suzanne Schulting oer WK
Yn it Bulgaarske Sofia waard Schulting twa jier lyn foar it earst wrâldkampioen yn it klassemint. Dêrnjonken pakte se doe goud op de 1.000 meter. Se hat dus noch gjin wrâldtitels helle op de 500 en 1.500 meter, mar it is net sa dat dy dit wykein ekstra prioriteit hawwe foar Schulting. "Mijn doel is om op alle drie de afstanden wereldkampioen te worden, maar als dat niet lukt blijft het hoofddoel wereldkampioen allround worden", sa seit de shorttrackster fan De Tynje.

Konkurrinten

De konkurrinten sille foar in grut part itselde wêze as op it EK, heal jannewaris. Doe wûn se alle ôfstannen en it klassemint. En Arianna Fontana komt der by. De Italiaanske is ek ien dêr't Schulting rekken mei hâldt, want: "Die is altijd goed op de momenten dat het moet." Mar eins is der mar ien dy't Schulting fan de titels ôfhâlde kin. "De grootste tegenstander ben ik zelf. Mezelf rustig houden, dat is het allerbelangrijkste. Ik moet dit weekend de focus houden."
Earder dit jier wie Suzanne Schulting op it EK oppermachtich © Orange Pictures
Se moat de kop der goed by hâlde dus en oant no ta slagget dat hiel aardich, fertelt Schulting fanút de 'shorttrackbubbel' yn Dordrecht. "Het gaat me hartstikke goed af. Het schaatsen gaat hartstikke goed en als de tijden goed zijn, dan maakt dat me rustig. Ik haal heel veel vertrouwen uit mezelf."

Net elk is derby

It iennige minpunt is noch dat der in soad grutte shorttrackers net binne. Kim Boutin, Elise Christie en Choi Min-jeong binne der net by fanwege it coronafirus. It betsjut minder tsjinstân foar Schulting, mar dochs baalt se der wol fan. "Ik vind het heel jammer dat ze er niet zijn, dat is heel jammer voor het toernooi. En vooral een jaar voor de Olympische Spelen wil je zoveel mogelijk ritten tegen ze rijden, dus dat is heel zuur. Maar het is nog steeds een WK, dat is nog steeds een titel en die wil ik nog steeds pakken."
It wrâldkampioenskip shorttrack begjint freed yn Dordrecht. Op de earste dei binne de kwalifikaasjes foar de trije ôfstannen. Sneon binne de finales fan de 500 en de 1.500 meter en de heale finales fan de relay. Snein is de slotdei en dan fine de 1.000 meter, superfinale en de finales fan de relay plak. Omrop Fryslân is der it hiele wykein by en docht op de ferskate poadia ferslach fan it WK shorttrack.
Suzanne Schulting oer de sfear en har freon Bas
Trochdat Schulting yn de bubbel sit en der gjin publyk wolkom is by it WK, sille har âlden en suskes der net by wêze. Mar, dochs kin se in mooglike wrâldtitel mei ien fiere dy't se leaf hat. Har freon Bas Middelkoop wurket nammentlik by TIG Sports, dat ien fan de organisatoren is fan it toernoai. "Hij zit ook in de bubbel, dus dat is top. We kunnen gewoon naar elkaar toe. Het is een fijn gegeven dat hij de wedstrijden kan zien en dichtbij is. Daar ben ik wel heel erg blij mee. Dat is ook wel speciaal als je in Nederland rijdt. We werken eigenlijk samen naar een wedstrijd toe. Hij op zijn manier en ik op mijn manier. Dat maakt het wel heel bijzonder."
Der is yn Dordrecht in soarte fan shorttrackarena kreëarre troch Middelkoop en syn kollega's, dy't ek by Schulting foar in WK-gefoel soarget. "Het is heel erg mooi aangekleed. Het ziet er echt gaaf uit. Omdat het nieuw is en anders dan anders, heb ik wel een WK-gevoel." En dus binne de kompliminten fan Schulting al trochjûn oan 'har' Bas. "Al meerdere malen, hij heeft het goed gedaan hoor", glimket Schulting.
Suzanne Schulting oer relay
Mocht Schulting de trije ôfstannen winne én dêrmei it allroundklassemint, hat se fjouwer gouden plakken binnen. Dan is der noch ien te fertsjinjen: de relay. De Nederlânske ploech bestiet neist Schulting út Friezinne Rianne de Vries en Yara van Kerkhof, Selma Poutsma en Xandra Velzeboer.
Neffens Schulting binne de Nederlânske froulju it hast oan harsels ferplichte om wrâldkampioen te wurden. "Ik denk dat we op dit moment het snelste team van de wereld hebben. Ik zie geen reden waarom we geen wereldkampioen kunnen rijden. Tactisch moet het wel gaan kloppen en er moeten geen fouten worden gemaakt. Als ik puur kijk naar de snelheid die we in het team hebben, vind ik wel dat het tijd wordt dat we eindelijk een keer wereldkampioen worden."
It soe in bysûndere medalje wurde: de Nederlânske froulju waarden noch noait earder wrâldkampioen op de relay.