Sympoasium oer takomst brune float: "Aanst twadde seizoen sûnder ynkomsten"

04 mrt 2021 - 07:19

Op in online sympoasium wurdt tongersdeitemiddei praat oer de takomst fan de brune float. De skippen kinne al in jier net farre yn ferbân mei de beheinende coronamaatregels en de taseine stipe fan de oerheid bliuwt út. De takomst fan de sektor stiet dêrom faai. "Us achterban giet in twadde seizoen yn 'e mjitte mei minder ynkomsten. Dat is dramatysk", seit Sicco Heldoorn, foarsitter fan de Vereniging voor Beroepschartervaart.

Protest brune float foar Pampus - Foto: Nynke Elzinga

It Ryk sei yn augustus 15 miljoen euro ta oan de brune float fanwegen syn histoaryske wearde, mar dat jild is noch hieltyd net útkeard. En dat wylst de brune float de finansjele stipe no echt nedich hat, om't de kosten fan ûnderhâld en keurings trochrinne. Harren klanten lykje it wachtsjen ek sêd te wurden. " Groepen dy't foarich jier noch in tegoedbon akseptearren, begjinne no harren jild werom te freegjen", leit Heldoorn út.

It sympoasium wurdt hâlden yn opdracht fan de Vereniging van Zuiderzeegemeenten, de Vereniging van Waddenzeegemeenten en de Vereniging voor Beroepschartervaart (BBZ). Doel is om inisjativen dy't derop rjochte binne om de silende charterfeart en de botters fierder te helpen, mei elkoar te dielen en te fersterkjen. Guon inisjativen stean nammentlik noch yn 'e berneskuon en freegje om input fan bestjoerders en eksperts.

"Bittere teloarstelling"

"Wy hawwe as brânsjorgranisaasje de hannen fol om de aktuele need fan ús leden te ferhelpen." Dêrfoar docht de BBZ in berop op besteande stiperegelings, "mar der is bittere teloarstelling oer it feit dat de 15 miljoen euro dy't tasein is om dit kulturele erfgoed oerein te hâlden noch hieltyd net ferparte is." Demisjonêr steatssekretaris Mona Keijzer sei earder dat de stipe tichttimmere wurde moat om fraude foar te kommen, wat de skippers yn it ferkearde kielsgat skeat.

De gemeente Harns hat al sein de brune float yn 'e mjitte te kommen. De skippen hoege yn 2021, krekt as yn 2020, gjin haven- en kadejilden te beteljen. "Dat hawwe de measte oare gemeenten ek dien", ferklearret Heldoorn.

Plan

Under oare it Nederlands Bureau voor Toerisme presintearret op it sympoasium in plan wêrmei't de brune float mear yn 'e skynwerpers komt by toeristen. Dêrneist wurdt praat oer de helberens fan in garânsjefûns foar de sektor.

Heldoorn hopet dat oerheden troch it sympoasium ynsjogge fan hoe grutte wearde de brune float is, sawol yn it opsicht fan kultuer as wurkgelegenheid, en dat sy mei elkoar gearwurkje om dy oerein te hâlden. "In oantal fan ús leden sil it nammentlik net rêde", beslút Heldoorn.

Sicco Heldoorn, foarsitter fan de Vereniging voor Beroepschartervaart

(Advertinsje)
(Advertinsje)