SC Hearrenfean koe der gjin 'fjochtwedstriid' fan meitsje: "Dat had beter gekund"

04 mrt 2021 - 06:39

De fuotballers fan SC Hearrenfean slaggen der woansdeitejûn net yn om te stunten tsjin Ajax. Se fearlearen yn eigen hûs mei 0-3. Trainer Johhny Jansen sei fan tefoaren dat it in echte 'fjochtwedstriid' wurde moast, mar dat wie it fierre fan. "Daar zijn we niet echt in geslaagd. Dat had wel beter gekund."

Johnny Jansen

Jansen is noch wol te sprekken oer it spul yn de earste helte. "We gaven bijna niks weg en stonden goed compact. Die momenten hebben we wel gehad, maar in de eindfase was het slordig."

In soad kânsen hie Hearrenfean net yn it spul, mar mooglikheden ta kânsen wiene der wol, neffens Jansen. "We hadden beter ons best kunnen doen om Ajax pijn te doen, maar we hebben de mogelijkheden daartoe zeker gehad. Maar Ajax was gewoon beter."

Hoop op mear

Yn de twadde helte hie Jansen efkes hoop op mear. "Als het moment komt, kun je hen echt pijn gaan doen. Dan ga je erin geloven en zet je er nog meer druk op. Maar jammer genoeg lukte het niet."

Foar takom sneon stiet de wedstriid tsjin ADO Den Haag op it programma. Jansen wol deselde dissipline wêrmei't de Feansters ôfrûne tiid fuotballe ha, meinimme nei dy wedstriid. "Dat kunnen we heel goed en daar moeten we energie in blijven stoppen."

Lasse Schöne

Ek Lasse Schöne fynt dat de Feansters mear bringe moatten hiene: "We wisten dat we een goede dag moesten hebben, wilden we hier resultaat halen en we hadden geen goede dag. Dan is het ook duidelijk. Zij zijn terecht door, maar dat maakt de teleurstelling niet minder."

Ajax wie neffens Schöne dúdlik de boppelizzende partij. "Zolang het 1-0 blijft, heb je maar één kansje nodig. Wij hebben een paar gehad, maar die moeten er dan wel in. We waren gewoon niet goed genoeg. Het is geen schande om van Ajax te verliezen, maar het is wel jammer dat het op deze manier is gegaan", beslút de Deen.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)