Pappegaai Polly fan fleanbasis Ljouwert leit earste aai yn 32 jier: "Aan de late kant"

03 mrt 2021 - 23:30

De maitiid is offisjeel úteinset en dat fernimme se ek op de fleanbasis yn Ljouwert. De maskotte fan de fleanbasis, grize readsturtpappegaai Polly, hat foar it earst aaien lein. En dat is bêst wol bysûnder foar in pappegaai fan 32 jier âld. "Grijze roodstaarten leggen eigenlijk alleen eieren als alles goed is in hun leven", seit Berry Stolk, ien fan de fersoargers fan Polly.

Foto: Twitter, @VlbLeeuwarden

"We zijn allemaal verbaasd en blij", seit Stolk. "We hebben dit nog niet eerder meegemaakt, dus we waren allemaal een beetje verrast." Neffens Stolk lizze pappegaaien meastentiids foar it earst aaien as se om de 18 jier âld binne. "Dus ze is wat aan de late kant." Dochs sil Polly gjin pykjes krije. "Er is geen mannetje bij geweest, dus het zijn onbevruchte eieren. Er zal nooit wat uitkomen."

Polly fielt har fierders goed, mar hat wol rêst nedich. "We moeten haar nu wel de tijd gunnen om te gaan zitten broeden. En dan na een dag of dertig verliest ze de aandacht en is het weer klaar. Dan is de hormonenkwestie in haar lichaam ook weer voorbij en gaat ze weer gewoon lekker vrolijk papegaai wezen", leit Stolk út.

Yntusken hat Polly meardere wynaaien lein, aikes sûnder skyl. Se binne ferfongen troch itselde oantal keunstaaien, oars giet se mar troch mei it lizzen fan aaien en dat is net goed foar har sûnens. Ien fan de echte aaien is woansdei oanbean oan de kommandant fan de fleanbasis. "Die vond het een leuke verrassing", seit Stolk.

Berry Stolk, ien fan de fersoargers fan Polly

(Advertinsje)
(Advertinsje)