Hearrenfean kin yn heale finale KNVB-beker net stunte tsjin Ajax

It is Sportklup Hearrenfean woansdeitejûn net slagge om de bekerfinale te heljen. De Feansters waarden yn eigen hûs mei 0-3 ferslein troch Ajax. De ploech fan Johnny Jansen koe tsjin de Amsterdammers hast gjin kâns kreëarje.
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Johnny Jansen en Lasse Schöne:
De ploech fan Johnny Jansen liet it spul yn de begjinfaze oan Ajax en besocht der foaral mei rappe tsjinoanfallen út te kommen. De Feansters wiene net sekuer genôch en leveren de bal foaral yn. De Ajacieden koene lykwols ek mar lestich troch de Fryske ferdigening komme.
De earste kâns fan de wedstriid wie nei njoggen minuten foar Sébastien Haller. De Ajax-spits krige de bal healwei it sechtjinmetergebiet troch de loft oanspile, mar wipte de bal krekt oer it doel fan Erwin Mulder. Tsien minuten letter wie it wol raak, doe't Davy Klaassen in foarset fan Antony yn de fiere hoeke yn it doel kopte.

Jacht op de lykmakker

Hearrenfean moast it yn de jacht op de lykmakker noch hieltyd foaral ha fan de rappe tsjinoanfallen. In soad ballen waarden lykwols ynlevere by de Amsterdammers, dus ta grutte kânsen kamen de Feansters net echt. Pas nei in hoekskop kaam de earste Fryske kâns: in foarset fan Kaib koe krekt net goed ynkopt wurde troch Pawel Bochniewicz.
Oan de oare kant waard Ajax ek wer ris gefaarlik fia Antony. De Braziliaanske bûtenspiler skeat de bal in meterke neist it doel fan Mulder. Tsien minuten foar it skoft besocht ek Klaassen it nochris mei in skot fan ôfstân, mar ek hy miste it doel krekt.

VAR helpt Hearrenfean

De Ajacieden tochten krekt foar skoft noch de 0-2 te meitsjen. Klaassen rûn de bal binnen nei in lege foarset fan Dusan Tadic, mar de Serviër naam de bal fia syn hân oan, sa oardiele skiedsrjochter Bas Nijhuis nei oerlis mei de VAR. Siem de Jong krige ek noch in lyts kânske doe't er de bal fan krekt bûten de sechtjin rjochting it doel fan Maarten Stekelenburg rammele, mar syn bal foel op it dak fan it doel.
© Orange Pictures
De opdracht foar Hearrenfean wie dúdlik yn de twadde helte: lykmeitsje. Al gau nei it skoft krige Henk Veerman dêr de kâns ta doe't er de djipte ynstjoerd waard. De Volendamse spits kaam hast ien-op-ien mei Stekelenburg, mar koe de foarset krekt net goed oannimme en seach de bal oer de efterline rôljen.

Ajax komt op 0-2

Dêr't Hearrenfean yn de earste helte foaral yn de tsjinoanfal wie, kaam de ploech fan Johnny Jansen yn de twadde helte wat mear nei foaren. It wie lykwols Ajax dat opnij skoarde, ditkear út in penalty. Bochniewicz tikke Mohammed Kudus ûnderút en Tadic miste fan alve meter ôf net.
Oan de oare kant krige Mitchel van Bergen fuort in enoarme kâns om de 1-2 te meitsjen, mar each yn each mei Stekelenburg skeat de oanfaller de bal op de doelman. Doe keas Johnny Jansen derfoar om Lasse Schöne te ferfangen troch Benjamin Nygren, dy't yn alle eardere bekerwedstriden dit seizoen skoarde. Ek Kongolo kaam yn it fjild, op it plak fan Joey Veerman.

Oer en út

Nei de 0-2 en de kâns fan Van Bergen like it fjoer út by de Feansters. Mei noch in lyts kertier te gean waard it sels noch 0-3 doe't David Neres de djipte ynstjoerd waard en de bal efter Mulder skeat. Hearrenfean gie dêrnei noch wol in pear kear yn de oanfal, mar in kâns levere dat net mear op.

Ajax treft Vitesse

De bekerfinale sil op snein 18 april spile wurde yn De Kuip yn Rotterdam. Tsjinstanner fan Ajax is dan Vitesse, dat tiisdei de oare heale finale mei 2-0 fan VVV Venlo wûn hat.
SC Hearrenfean - Ajax 0-3 (0-1). 19. Klaassen 0-1, 63. Tadic 0-2, 77. Neres 0-3.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Hecke, Dresevic, Bochniewicz, Kaib; Halilovic, Schöne (69/Nygren), J. Veerman (75/Kongolo), De Jong (82/Hajal), Van Bergen; H. Veerman.