Kuorballers Oentsjerk kinne lang om let wer traine: "Het geeft een sprankje hoop"

Se ha der wol efkes op wachtsje moatten, mar woansdeitejûn mochten de kuorballers fan KF De Wâlden út Oentsjerk lang om let it fjild wer op. Fanwegen de coronaregels wie it trainen foar senioareteams praktysk ûnmooglik. Ek al binne der noch hieltyd gjin wedstriden of kompetysjes; de kuorballers stapten woansdei mar wat tefreden it fjild op.
Troch de ferrommingen fan de coronaregels is der wer mear mooglik foar de sportferieningen. Sporters oant en mei 26 jier kinne bûten wer los en hoege yn prinsipe ek gjin oardel meter ôfstân te hâlden. Minsken dy't âlder binne, moatte dat noch wol, mar it jout de sportklups yn alle gefallen wer wat mooglikheden.

Perspektyf

"Het geeft weer een sprankje hoop, een stukje perspectief voor de spelersgroep, de trainer en de club", fertelt Luca Spin, trainer fan it earste team fan KF De Wâlden. "Het geeft ook hoop dat we weer uit mogen kijken naar meer, naar competitie bijvoorbeeld. Maar we houden wel in ons achterhoofd dat het elk moment ook niet meer kan. Het hangt van de situatie in Nederland af, maar we staan er nu in ieder geval weer."
Ek foar de kuorballers sels is it noflik om nei al dy moannen wer in bal yn 'e hannen te hawwen. "Ik haw wol in soad oan it hurddraven west", seit spylster Jildou Koster. "Lekker bûten dwaande bliuwe, sa no en dan in bootcamp pakke. Mar ik ha sels al trije moannen net kuorballe. It is moai dat wy no wer op 'e koer sjitte kinne."
Ferslachjouwer Mats Gies wie by de earste training en prate mei trainer Luca Spin en spylster Jildou Koster
© Omrop Fryslân, Mats Gies