Antonius Sikehûs yn Snits riedt him ta op mooglike groei tal coronapasjinten

03 mrt 2021 - 22:16

Op de dei dat de ferrommingen yngien binne dy't it kabinet foarige wike oankundige hat, riedt it Antoniussikehûs yn Snits him ta op de mooglike komst fan mear coronapasjinten. Der wurdt ûnder oare besjoen hoe't der opskaald wurde kin. Op it stuit is de situaasje stabyl en kin de reguliere soarch aardich trochgean, lit bestjoersfoarsitter Marcel Kuin fan it Antonius Sikehûs witte.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Fan de ferromming fan de maatregels ferwachtet it sikehûs net in soad effekt. "Maar wat we niet weten is hoe de Britse variant en andere buitenlandse varianten zich gaan ontwikkelen", seit Kuin. "Het RIVM verwacht nog steeds dat die best eens tot een stevige derde golf kunnen leiden, dus daar bereiden we ons echt op voor. Ja, eigenlijk nog een ernstigere situatie dan de allereerste golf."

It Antionius hat de plannen dêrfoar al yn de kast lizzen en besjocht mei de oare noardlike sikehuzen hoe't se in slimmere situaasje it bêste oanpakke kinne. Kuin: "Dat betekent weer uitbreiding van de ic-capaciteit met extra bedden met zuurstof, uitbreiding van de covid-bedden en op enig moment kan het zo zijn dat je keuzes moet maken. Dat we echt vol liggen, geen plek meer hebben en hoe je dat dan doet."

Kuin hopet dat it safier net komt, mar seit dat de sikehuzen dêr wol klear foar wêze moatte. Hy ropt elkenien noch mar ris op him oan de coronaregels te hâlden. "Het is echt nog niet voorbij. Het is een heel verraderlijke ziekte, die zomaar weer de kop kan opsteken."

Bestjoersfoarsitter Marcel Kuin fan it Antonius Sikehûs

(Advertinsje)
(Advertinsje)