Rapper YannO tekenet by grut wrâldwiid label: "Als je een ster bent, ben je dat overal"

03 mrt 2021 - 20:24

Rapper YannO fan Ljouwert hat in kontrakt tekene by it grutte ynternasjonale muzyklabel Ultra Music. Dêrmei wol de rapper de kommende jierren grutte stappen sette yn syn karriêre. Ultra Music is in label dat foaral dance-muzyk útbringt fan dj's lykas Armin van Buuren, David Guetta en Calvin Harris. "Noem al die namen maar eens op en bedenk dat zij allemaal beats maken. Met mijn stem daarop, zou dat voor het label wel heel goed kunnen werken."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Yn 2019 wûn YannO in talinteshow fan FunX. Dêrnei stie syn libben op 'e kop. Hy krige in soad oandacht yn Nederlân, mar ek dêrbûten wisten hieltyd mear minsken him te finen. Dochs bleau it nei de talinteshow in skoftke stil. Mei syn management hat er lang op syk west nei in label dat goed by him past. Foar YannO is it foaral wichtich dat it label begrypt hokker kant hy op wol mei syn muzyk.

Hy moast it lykwols ek rêstiger oan dwaan troch in burn-out: "Toen moest ik even een stapje achteruit doen. Ik heb twee maanden helemaal niks gedaan." Hy kaam mear ûnder de radar, mar hat yn dy twa jier net hielendal stilsitten. "Ik heb wel heel veel muziek gemaakt. Ik heb veel samengewerkt met andere artiesten. En nu ben ik weer helemaal fris en terug voor nieuwe dingen!"

De Ljouwerter makket in soad muzyk yn it Frânsk. YannO hat Kongoleeske roots en hat earder ek yn Switserlân en Frankryk wenne. It doel is no om yn meardere Frânsktalige lannen syn muzyk oan de man te krijen. Hjirûnder falle fansels Frankryk en België, mar bygelyks ek Kanada. Dêrneist hat der ek ien en oar opnaam yn it Ingelsk. It earste nûmer dat útkomt op it nije label hjit Mrs. Officer, dat in Ingelsk refrein hat mar fierder Frânsktalich is.

"Het internet doet zijn werk"

Dat er yn Ljouwert wennet, is neffens him gjin beheining: "In 2019 kwam mijn eerste eigen nummer Ferrari uit. Dat is het meest beluisterd in Turkije. Ik ben nog nooit in Turkije geweest, heb daar nog nooit opgetreden. Je ziet dat het internet zijn werk doet. Je hoeft niet meer fysiek ergens naartoe om iets voor elkaar te krijgen."

Mei dit nije label achter him ferwachtet er dan ek dat hy oer de hiele wrâld wol suksessen behelje kin: "Sterren zie je vanuit alle landen. Als je in Frankrijk staat, zie je dezelfde sterren als wanneer je in Nederland staat. Dat wil zeggen: Als je een ster bent, ben je dat overal."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma prate mei YannO

(Advertinsje)
(Advertinsje)