Longdokter beäntwurdet harkersfragen oer hoe't it is nei corona

03 mrt 2021 - 20:00

Longdokter Jolanda Kuijvenhoven fan sikehûs MCL yn Ljouwert docht oan corona-neisoarch. Mei kollega's hat se in sprekoere foar post-covidpasjinten en se hawwe de webside: herstelnacovid.nl opset. In soad eks-coronapasjinten fiele harren net begrepen. Want, dat is yn alle gefallen al wol dúdlik: it kin hiel lang duorje kin foardat minsken wer better binne. Kuijvenhoven beäntwurdet in oere lang op Omrop Fryslân Radio harkersfragen oer nei corona.

Longdokter Jolanda Kuijvenhoven fan sikehûs MCL - Foto: Omrop Fryslân

Hoe't it werstel giet, is hiel wikseljend. Guon minsken hawwe nei de earste golf no noch klachten, oaren hawwe der neat fan fernaam dat se corona hawwe. Hoe't it kin dat de ferskillen sa grut binne, is net bekend. De medisy kinne net weromfalle op ûndersyk, want it is in nije sykte.

Wat de dokters dogge, is dat se goed nei de klachten sjogge en de minsken oanriede rêstich oan it werstel te wurkjen. Dat kin mei help fan bygelyks in fysioterapeut, in diëtist, in ergoterapeut of in psychiater. In soad minsken dy't yn it sikehûs lein hawwe, binne bang. Omdat se gjin besite krije mochten doe't se sa siik wiene of bang wiene om allinnich dea te gean. It binne faak ek gjin longpasjinten. Dy witte hoe't it is om mei benaudheid om te gean.

Ik tocht dat ik deagean soe. Ik woe ek wol dea. Mar ik wurdearje it libben no mear.

Sytze Jansma fan Jelsum oer hoe't hy corona belibbe hat

Sytze Jansma fan Jelsum hat slim siik west en die syn ferhaal. "Ik tocht dat ik deagean soe. Ik woe ek wol dea. Mar it gie wer better mei my en ik wurdearje it libben no folle mear. It lûd en it waar en de minsken. Ik kin skoft nimme op myn wurk en sa rêd ik it wol, Mar lit my gjin 10 km rinne. Myn linker long sit allegearre littekenweefsel by. De longynhâld is wol goed, mar de rek is derút."

Moatte jo nei corona perfoarst nei in longdokter, freget in oar. De frou hat net yn it sikehûs lein, mar se hat wol slim siik west en is no noch benaud. Har húsdokter hat har trochstjoerd nei de fysioterapeut. Dat is op himsels prima, seit Kuijvenhoven. Pas as oefenje by de fysio net helpt oft as der in astmatyske reaksje ûntstiet, kin de longdokter yn it sikehus besjen oft der echt skea is. Mar lange tiid in kuchje hawwe en wurch wêze komt faak foar.

Wêrom de iene wol en de oare net?

In fraach dy't faker foarkaam wie: Hoe kin it dat by minsken dy't byinoar wenje de iene gjin corona kriget en de oare wol? Dat is ek net bekend, seit Kuijvenhoven. It kin wêze dat by de iene yn de noas en mûle, dêr't it firus binnenkomt, in better ymmúnsysteem hat as de oare.

As lêste pikke wy der noch ien spesifike fraach út: Kinne minsken ek lêst krije fan winterteannen troch corona? Ja, dat kin. Pine yn de hûd en oare klachten hearst wol faker by firussen. Hûdklachten binne mooglik, lykas aknee en ekseem.

Harkje foar alle fragen en antwurden nei it folsleine frage-oerke:

(Advertinsje)
(Advertinsje)