Winkels en kappers meie wer iepen: "Het voelt als een bevrijding"

03 mrt 2021 - 19:17

It begjin is der: stadichoan komme de winkelstrjitten wer ta libben no't de coronamaatregels fan woansdei ôf ferromme binne. De net-essinsjele winkels binne iepen op ôfspraak en dêr ha de winkellju en klanten nei útsjoen. Ek de kappers meie wer klanten ûntfange.

Winkels meie wer iepen

Yn de Midstrjitte op De Jouwer hat in oantal winkels de kleanrekken bûten stean. De winkellju ha bot útsjoen nei it momint dat se wer iepen kinne. "Toen Rutte vorige week de aankondiging deed, werd ik zelfs een beetje emotioneel", fertelt Marjon Folkerts fan Entoeraazje. "Het is zo bijzonder, het voelt als een heropening. Na zoveel weken dicht te zijn, heb ik het gevoel dat ik weer wat lucht krijg."

Folkerts hat foaral it kontakt mei de klanten mist. "Je bent ondernemer om een zaak te runnen, maar ook om contact te hebben met mensen. Het voelt gewoon als een bevrijding", fertelt Folkerts. "We waren zelfs een beetje zenuwachtig vanmorgen, maar er is vooral blijdschap."

Sneupen

Ien fan de earste klanten yn de winkel is Kian Li. Se hat foar woansdei in ôfspraak makke by de kapper en by Entoeraazje. "Ja, ik dacht meteen maar naar de kapper en de winkel vandaag", laket se. "Je kunt wel online bestellen, maar ik vind het fijn om te passen. Daarnaast is het 'sneupen' ook heerlijk en het sociale contact." Wat se keapet? "Schoenen! Daarvoor heb ik de afspraak gemaakt."

In stikje fierderop yn de strjitte hat ek Boersma Schoenen de winkel iepen. "It is in begjin", seit Stijn Boersma. "It leafst sjoch ik dat de winkels wer hielendal iepen binne. Dat de minsken gewoan nei binnen stappe kinne sûnder ôfspraak." Boersma tinkt dat der no ek noch klanten fuortbliuwe, dy't it meitsjen fan in ôfspraak as drompel sjogge. "Dêrneist hawwe misken no ek it gefoel dat se wat keapje moatte as se ien kear binnen binne."

Folkerts sjocht ek út nei ferromming, mar tinkt dat dit momint in earste stap dêr nei ta is. "We zijn er nog lang niet, maar we hopen dat dit een klein beetje verlichting geeft. We moeten blij zijn met wat we nu kunnen."

Kappers wer iepen

Ein oan coronakapsel

Ta grutte blydskip fan in soad minsken mochten woansdeitemoarn ek de kappers wer oan de slach. Mei wachttiden fan trije wiken is de fraach nei in knipbeurt enoarm. By it Haarboetiekje op De Westereen gie moarns betiid de skjirre yn it earste coronakapsel. Foar eigener Sandra Scherjon fan it Haarboetiekje hat it lang genôch duorre. "Do meist neat, kinst neat en sjochst net ien, wylst oars in hiel sosjaal berop hast. Dan wurdt it wrâldsje wol hiel lyts."

Scherjon finansjeel in drege tiid efter de rêch en set no alles op alles om der wer wat boppe-op te kommen, want se is bang dat we ein maart miskien wol wer rjochting in lockdown geane. "Der moat wer in buffer opboud wurde. De rek is der wol út."

(Advertinsje)
(Advertinsje)