Kommissaris Arno Brok mist bewenners Waadeilannen yn Provinsjale Steaten

03 mrt 2021 - 18:03

Kommissaris fan de Kening Arno Brok fynt it 'tige spitich' dat de fjouwer Fryske Waadeilannen Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach net persoanlik fertsjintwurdige binne yn Provinsjale Steaten. Brok sei dat woansdei nei it ûntbleatsjen fan de glês-yn-lead wapens fan de eilannen Flylân en Skylge yn de histoaryske steateseal yn it Provinsjehûs.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok mist bewenners Waadeilannen yn Provinsjale Steaten

De steateseal is 125 jier lyn makke mei glês-yn-lead fan alle 'stêden en gritenijen' dy't doe by Fryslân hearden. Dêrtroch hawwe It Amelân en Skiermûntseach wol in eigen finster yn de steateseal, mar Flylân en Skylge net, want dy beide eilannen hearden doe noch by Noard-Hollân. Flylân en Skylge krije no in ferljochte glês-yn-leadrút tsjin de muorre yn de steateseal.

Polityk talint

Kommissaris Brok soe graach sjen dat de politike partijen by de kommende steateferkiezings ek polityk talint fan de eilannen heech op de list sette. "Der wurdt faak oer it Waad praat sûnder dat dêr fertsjintwurdigers fan de eilannen by sitte. Dat soarget ek wolris foar argewaasje op de eilannen." Brok wol dêrom ynwenners fan de fjouwer eilannen oproppe om harren as kandidaat te melden foar de kommende ferkiezings. "As ik sjoch hoefolle jild der bestege wurdt oan it Waad of oan de eilanner mienskippen, dan freget dat echt om in fertsjintwurdiging fan de eilannen sels."

It heucht kommissaris Brok net dat er in bewenner fan ien fan de eilannen tsjinkaam is yn Provinsjale Steaten. Der hawwe wol ferskate eilanners op listen fan politike partijen stien, mar dy stiene meastentiids te leech op de list om in sit yn de Steaten te feroverjen.

De wapens fan Skylge en Flylân waarden ûntbleate troch eilânboargermasters Van de Pol en Schokker - Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)