Oanfearn skip op Waadsee is fan sjonger Douwe Bob

It lytse skip dat woansdeitemoarn yn oanfarring kaam mei in 135 meter lang frachtskip, is fan sjonger Douwe Bob. It barde op de Waadsee yn it wetter fan 'De Boontjes' tusken Harns en Koarnwertersân. Nei de oanfarring koe it frachtskip trochfarre. De KNRM fear út, mar koe it lytse skip earst net fine. It is letter weromfûn yn de haven fan Harns.
Oanfearne skip op Waadsee is fan sjonger Douwe Bob
De Landelijke Politie Eenheid hat beide skippen in proses-ferbaal jûn omtrint 'goed zeemanschap'. Dat betsjut dat beide skippen der net alles oan dien ha, om in ûnfeilige sitewaasje foar te kommen. Boppedat hat de eigner fan it lytse skip "Ellen" ek in boete krigen foar it farren yn de mist sûnder goede radar.
It skip leit no yn de Suderhaven fan Harns.
© SRFotografie
Tiisdeitejûn sette de sjonger noch in berjocht op syn Instagram, dêr't op te sjen is dat er op it Waad fart.
© Instagram, @douwebob