Oanlis Portugeesk fleanfjild yn 'skriezegebiet' rint moannen fertraging op

03 mrt 2021 - 16:44

De oanlis fan in nij fleanfjild yn de mûning fan de Taag by Lissabon rint moannen fertraging op, sa is de ynskatting fan ekolooch, lektor en senior-ûndersiker José A. Alves fan de universiteit fan Aveiro. Hy docht ûndersyk nei ûnder oare skriezen en wurket dêrfoar ek gear mei de Fryske wittenskipper Theunis Piersma. Sawol hjir as yn Portgal wurdt aksjefierd om de fleanfjildplannen te kearen, omdat it gebiet hiel wichtich is foar fûgels, wêrûnder de skries.

Skriezen fleane op yn Portugal - Foto: Verónica Mendéz

In petysje fan Vogelbescherming Nederland tsjin de plannen hat oant no ta sawat 30.000 hantekeningen opsmiten. Ek yn Portugal is de kwestje grut nijs wurden, neidat yn Fryslân alarm slein waard oer de plannen.

De private ynvestearder achter it projekt hat ferline jier in miljeufergunning krigen, mar neffens Alves doogde der neat fan it ûndersyk dat dêrfoar brûkt is. Mei dêrom is de Portugeeske fûgelbeskerming hjiroer mei ynternasjonale stipe nei de rjochter stapt. Mar dat kostet mei troch corona safolle tiid dat it wolris te let komme kin. De nije fertraging fan de plannen is dan ek hiel wolkom, fine de natuerorganisaasje.

Loftfeartautoriteit

De fertraging ûntstiet trochdat der net allinnich in miljeufergunning nedich is, mar ek in fergunning fan de loftfeartautoriteit fan Portugal. Dy wegeret de fergunning, omdat dy net oan de wetlike easken foldocht. Sa moatte ek alle belutsen gemeenten akkoart wêze. En ek al set it nasjonale regear in soad druk op it projekt, twa gemeenten binne en bliuwe tsjin de plannen. Dat wist de ynvestearder ek, mar it fergunningsfersyk waard dochs yntsjinne. "Dat wie behoarlik brutaal fan harren", seit Alves.

Tûzenen skriezen heal febrewaris yn de riisfjilden fan de Taag-mûning

It betsjut lykwols net dat it projekt fan de baan is. It regear hat noch twa opsjes om it te regeljen. Ien dêrfan is it wizigjen fan de wet op grûn wêrfan't de loftfeartautoriteit no de fergunning wegeret. Dêrfoar wie earder gjin mearderheid yn it parlemint, mar de ien-nei-grutste partij fan it lân hat sein dat sy dêr no dochs nei sjen wolle.

In oare opsje is in nij ûndersyk wêrby't trije opsjes besjoen wurde: it besteande plan, in plan wêrby't it nije fleanfjild ek gelyk it wichtichste wurdt foar hiel Portugal en in nije lokaasje mear yn it binnenlân dy't folle minder skealik is foar it fûgellibben.

Eins hie it wurk oan it fleanfjild ein ferline jier al úteinsetten moatten. Alves is bliid mei de fertraging, mar is der noch lang net gerêst op dat it goed ôfrint.

In alarmearjende skries - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)