Selstraf foar oerfal op 93-jierrige frou út Drachten

03 mrt 2021 - 15:46

Trije jongemannen dy't ferantwurdlik holden wurde foar in oerfal op in âldere frou út Drachten, binne feroardiele ta 2,5 jier sel. In fjirde oerfaller wie noch minderjierrich doe't de frou yn 2019 oerfallen waard. Hy hat in selstraf krigen dy't like heech is as it foararrest fan 66 dagen, en hy moat in wurkstraf dwaan fan 150 oeren.

Foto: ProNews

De 93-jierrige frou waard op jûns om kertier oer tsienen yn har wenning oerfallen troch twa jonges. Sy drukten de frou tsjin de trep en naaiden út mei in kistke mei gouden munten. Ien fan de oerfallers liet syn DNA efter op de kaai fan de meterkast. Sa koe hy opspoard wurde. De oerfallers tochten dat de frou in klús ûnder it bêd hie mei in protte jild. Der waard praat oer 80.000 euro.

Yn april foarich jier waarden de fertochten oppakt. Yn deselde moanne fûn in swimmer it jildkistke yn De Morra.

De oerfallers moatte oan it slachtoffer 2250 euro smertejild betelje. De rjochtbank rekkenet it se ekstra oan dat se 'in kwetsber slachtoffer' útsocht hiene. De frou hat noch altyd lêst fan wat har oerkaam is. Se is har gefoel fan feilichheid kwyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)