Bemanningslid Leo van der Ploeg fan flot Sterke Yerke stoarn

Op Skylge is Leo van der Ploeg ferstoarn, 66 jier âld. Van der Ploeg wie yn 1974 ien fan de inisjatyfnimmers fan it flot Sterke Yerke, dêr't de Fryske marren en de Waadsee mei befearn waarden. Hy wie bemanningslid op de earste trije Sterke Yerkes en makke yn 1979 de oerstek oer de Atlantyske Oseaan.
© Facebook Sterke Yerke
De oseaanbetwinger Sterke Yerke 3 strâne op de koraalriffen fan Bonêre. De bemanning rêde him wûnder boppe wûnder, mar it flot sinkt. Dochs waard de missy as slagge ûnderfûn.

Dêrnei wie Van der Ploeg net mear belutsen by de nije projekten fan de Sterke Yerke. Van der Ploeg waard in pear moanne lyn siik en is woansdeitemoarn stoarn.
Leo van der Ploeg oan it stjoeren op de Sterke Yerke 3 © eigen foto