RIVM meldt 137 nije besmettingen yn Fryslân, fiif minsken ferstoarn oan corona

03 mrt 2021 - 15:22

It RIVM meldt woansdei 137 nije coronabesmettings yn Fryslân. Dat binne der mear as de 129 fan tiisdei. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen gemiddeld 170 besmettngen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Ljouwert (28) en Súdwest-Fryslân (21).

Der binne op de ôfrûne dei 5 Friezen stoarn oan de gefolgen fan it coronafirus, dat binne ynwenners út de gemeenten Noardeast-Fryslân (2), Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5090 nije coronabesmettings meld. Dat is mear as it deistige gemiddelde.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)