Lutz Jacobi: "Gaatske Wiersma hie ek in grut gefoel foar minsken"

Gaatske Wiersma wie fan de fûgels, mar ek hiel bot fan de minsken. Dat seit Lutz Jacobi fan de Waadferiening, sy koe Wiersma persoanlik. "Se hie in netwurk om har hinne en wie dêr de oanjager fan. Se hie in grut gefoel foar minsken." Woansdei waard bekend dat Wiersma stoarn is.
© Omrop Fryslân
Wat Jacobi noch goed wit, is it ferhaal fan grutte mûzebiter by Burdaard dy't minsken oanfoel. "Ik sei tsjin Gaatske: 'Net loslitte. Ik fyn dit mar eng.'"
Ek al wie der miskien net in rotsint, Gaatske gie altyd troch.
Lutz Jacobi fan de Waadferiening
Der wie altyd ferlet fan jild by De Fûgelpits. "Gaatske ferkocht earst by har thús twaddehâns guod. Letter kaam der yn Dokkum in spesjale Fûgelpitswinkel." Dy is er no noch. Jacobi bewûnderet Gaatske har trochsettingfermogen: "Hiel knap. Ek al wie der miskien wol net in rotsint, Gaatske gie altyd troch."
Jacobi hopet dat de leafde en de passy dêr't Gaatske mei yn it libben stie en har wurk die, trochgiet. "Safolle passy, dêr moat gjin leech gat komme. Dat hat Gaatske net fertsjinne."